Evenementen

Algemeen - Kolleezje Tour mei Sander de Hosson

Adres
Locatie Grandcafé Ut en Thús Foswert
Plaats Ferwert
Evenement informatie
Datum 6-3-2020 20:00
Categorieën Algemeen

Freed 6 maart 2020 om 20.00 oere yn Grand Café Ut en Thús te Ferwert

Sander de Hosson is longarts yn it Wilhelmina Sikehûs yn Assen, mei as spesjalisaasje longkanker en palliatieve soarch. Dizze bysûndere spesjalist sil fertelle oer syn wurk as longarts en de minsk efter de pasjint. As kollumnist fan de Ljouwerter krante, yn de rubryk ‘Op leven en dood’, beskreaun hy syn ûnderfinings yn persoanlike ferhalen en joech in blik yn de dagelikse gong fan saken yn in sikehûs.

Pyt Nauta sil it fragenpetear liede en Sander de Hosson sil ek fragen beantwurdzje út it publyk. Jo as gast kinne him fragen stelle tidens dizze jûn. Mail jo fragen nei Janneke: janneke.heslinga@hotmail.com