Evenementen

Algemeen - Toanielferiening 'Foar ús wile' Hallum spilet: Loadewyk fjirtjin en in heal

Adres
Locatie MFC Trefpunt
Plaats Hallum
Evenement informatie
vr 13 maart t/m za 14 maart 2020
Categorieën Algemeen

Is it in klucht? Is it in kostuumdrama? Is it in absurdistysk grapke? Nei it 50 jierrich jubileum fan foarich jier komt toanielferiening Foar ús Wille mei in kompleet oar stik mei in skitterend dekôr op ‘e planken. Yn elts gefal is it in stik om nea te ferjitten en lekker te laitsjen. It stik spilet him ôf oan it hôf fan de Sinnekening yn Versailles. Loadewyk liedt in libben fol rykdom en spannende aventoerkes. De leafde tusken him en syn ûnsjogge frou Maria-Theresia komt net bepaalt fan twa kanten. Keamerhear Jacques hat der grutte muoite mei om oan de iene kant Loadewyk te beskermjen en oan de oare kant de keninginne ôf te skypjen mei smoeskes. Boppedat hâldt dizze sjarmante keamerhear sels ek wol fan wat froulik selskip.

Nei 20 jier komt der oan de toanielkeunsten fan Rinse Wagenaar in ein. Foar de lêste kear sil hy skitterje yn de haadrol as keamerhear Jacques.

Jo komme dochs ek? Freed 13 en sneon 14 maart yn MFC Trefpunt (Singel 7, Hallum) om 20.00 oere. Kaarten binne net yn de foarferkeap, gewoan oan de doar. Beide jûnen wurde ôfslúten mei in noflik gearkommen yn it doarpshûs. Foar in bisûnder stik en gesellich neipraten binne jo fan herte wolkom!