Aanvang: 19:30
Locatie: Petrus tsjerke
Op woansdei 4 maart o.s. sil fûgelman Gerrit Krottje fan Aldebildtsyl in lêzing fersoargje yn Wânswert oer in frij ûnbekinde rôffûgel: De slechtvalk. Yn’t Frysk ek wol de Noardske falk neamd. De lêzing sil hâlden wurde yn de Petrus tsjerke, de tsjerke dy’t krektlyn oernaam is troch de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Yn en om de Wânswerter tsjerketoer oerwinterje al in goed 25 jier dizze spektakulêre rôffûgels en wis is dat de lêste trije jier itselde wyfke hieltyd op’e nij werom komt fan har briedplak earne yn Skandinavië. Alle wiken komt Krottje op’e fyts wol in pear kear nei Wânswert om it hâlden en dragen fan de fûgels te bestudearjen en fearren byinoar te fandeljen. En hy is geregeld op NoardFryslân bûtendyks te finen, it plak dêr’t ek in stikmannich falken oerwinterje. En wat bysûnder is: wylst Gerrit Krottje syn lêzing mei foto’s hâldt, sitte de falken heech boppe ús yn’e toer te sliepen!
De tagong is fergees, lykas de kofje mei wat lekkers der by. Oan’e ein fan de jûn kin der in bydrage foar de kosten dien wurde yn in dêrfoar ornearre doaze. De tsjerkedoar is om 19.30 oere los.