gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });

Kursus Frogrock ‘19

30 november 2019

Aanvang: 21:00

Locatie: De Kampioen

De kursus FR foar begjinners, normale en núvere minsken giet fan’t jier gewoan wer troch!!

It sil lykas altyd barre op de lêste sneontejûn fan novimber.

Lokaasje: Doarpshûs De Kampioen te Hijum.

Wêrom?; Wêrom net? Dus dêrom dus!

Frogrock is ûnstien yn’e tiid dat in musykspektakel noch net CO2-en genderneutraal hoechde te wêzen en stikstof wie gjin gesprekstof. Net klimaatneutraal; gewoan in moai stikje kabaal!

Minsken dy’t hjir foar’t earst komme wurde sà alderheislikst befrogrockt dat se alle folgjende edysjes wer fan’e partij binne! It is ek in partij mei allinnich mar boppeslagen!
Jo moate al behoarlik koekoek  wêze at jo soks misse wolle en/of kinne.

“Je moet naar Frogrock; daar kikker je van op! Join the crowd;  doe lekker fout and go out of je bolletje, gien geouwehoer; foetsies fan’e vloer, smijt je haar los en hos! , laat je speelgoed staan, schuif gezellig aan bij Frogrock!!

Sokke leuzen ha wy net nedich; de seal rint dochs wol groatfol!

Om soksoarte fan boppesteande suvernuverbjusterbaarlikenoflikheden mooglik te meitsjen komme d’r wer twa superbands om de brut op stelten te setten!

Nei ofrin kinne jim op jim stelten wer nei hus ta knoffelje….mar foardat it safier is;  Frogrock oant the nok! Fan’t jier mei The Streets en Kroepin!!

The Streets wûn yn 2017 de titel ; “Beste coverband van de Benelux”. Sy spylje û.o.: Rammstein, Metallica, Muse, Korn, Rage Against the Machine; lekker heavy!! Dizze 4 koppige super rockcoverband is yn De Kampioen dus hielendal te plak!

Kroepin bringt ús ek in optreden om nea te ferjitten!

Fanôf de earste sekonde stiet de tint op’e kop! Fansels is ús doarpshûs gjin tint, mar wy binne d’r wis fan dat it dizze 5 rockers èn in moai sjongereske sunder muoite slagget! Hits fan doe en no yn alle soaren en maten en feestmusyk om alle losse hierkes efkes lekker út jo kapsel te skodzjen!

Fan’t jier ek wer in 2e poadium , dus gjin stiltes!

Check de promovideo’s op: www.kroepin.nl & www.the-streets.nl

Wy slúte ôf mei de ûnnoazelste fraach fan de alderûnnoazelste fragen dy’t de minsk him of harsels stelle kin; “ Soe ik hjir ek (wer) efkes hinne moate?”

Undersyk hat útwezen dat 4 fan de 3 persoanen dy’t boppesteand ferhaaltsje yn har opnommen ha, dizze fraach meastentiids lykwols frijwol altiid fuortdaliks NET mei; ‘NEEN!”beantwurdzje…..en dat snappe wij!

Opjefte foar dizze kursus is net nedich; gewoan 30 Novimber 21.00 oere op’ t ein fan’e Skoalstrjitte LOFTS!

Ta beslút; nei ôfrin fan dizze kursus krije jim de certifikater meastal thús tastjoerd. Da’s wol sa praktysk; dan kinst’m ûnderweis ek net kwytreitsje…

Net ta lang mei omtoffelje en treure want in jier letter wurdt it fansels wer Frogrock!