Wêr giet dit no wer oer, sille jimme wol tinke. Dat ferkear fan rjochts foarrang hat (op in gelykweardige krusing dan fansels) dat ha wy dochs op de legere skoalle al leard? Net foar neat ha de measte minsken ea wol in ferkearsdiploma helle. Ik ha it opsocht: sûnt 1932 wurde der ferkearseksamens hâlden foar de bern út de heechste klassen fan de legere skoalle. Oant hjoed de dei ta. Dus: rjochts hat foarrang is ien fan de earste dingen dy’t men leart.
Fan ‘e wike ried ik fan Jirnsum nei Offenwier. Fan fierren sjocht men de giel buorden al stean. “Oh heden, dochs net in omlieding hopelik”. Want dat is ek oan de oarder fan de dei. Mar nee, it earste giele boerd fertelde my, dat de berm gefaarlik wie. Gewoanwei riidt men dêr oan foarby en nimt men dat foar kennisjouwing oan. Mar no begong myn ferbyl-
ding te wurkjen. In gefaarlike berm, hoe sjocht dat der út? As ik de berm sa seach, wie der krekt neat wat no gefaarlik like. Prachtich bloeiend raapsied, mei dêr tuskentroch it pypkrûd. Bûterblommen, pinksterblommen, it is in lust. Mar gefaarlik? Dêr ha ik echt in oar byld by. In berm dy’t ynienen oerein riist en op my ta komt. Of dy’t begjint te âljen en te mâlbearen. Sa as yn in gefaarlik bist of sa.
Fansels snap ik bêst wat der mei in gefaarlike berm bedoeld wurdt, en ik soargje ek wol, dat ik net yn dy “gefaarlike” berm reitsje mei de auto. Mar dochs kloppe it net alhiel, mei al dy blommepracht.
Oars wie it, doe’t ik in eintsje fierder alwer in giel boerd tsjin kaam. Dêr stie op: sachte berm.
Sjoch, dat klinkt dochs hiel oars as “gefaarlik”, net? In sachte berm nûget út. Yn in sachte berm wol men lekker lizze. Tusken al dy giele en wite pracht. Mei in moaie blauwe loft boppe jin. Sacht, hearlik, sa’n sachte berm. It jout suver in feilich gefoel. Wat in sachte berm no krekt wer net is fansels. Want dy giele buorden wolle beide itselde fertelle: tink der om, reitsje net yn dizze berm fersile. Hy is gefaarlik, hy is sacht, hy is net te fertrouwen. Twa totaal ferskillende wurden en begrippen, dy’t wy as itselde belibje. Wer’t wy gewoanwei net iens by stil steane.
Der stiene noch twa oare grutte giele buorden lâns dizze dyk. De earste wie frij simpel: ferkear fan rjochts hat foarrang. No wie der neat dat der op wize koe, dat it oars wêze soe. Fanôf Jirnsum hat oeral rjochts foarrang. Dus alles wat út de Legean nei dy dyk riidt, hiel simpel. By de ôfslach nei Poppenwier ha ik net sa’n boerd stean sjoen, dus dêr snappe ferkearsdielnimmers blykber, dat rjochts dêr foarrang hat. Fierderop skynt men dat net mear te snappen. Oant twa kear ta kaam ik in boerd tsjin mei “rjochts hat foarrang”. It twadde boerd wie noch neidrukliker as it earste. “Let op, rechts heeft voorrang!!!”Mei dêrby in tekening fan in krúspunt mei pylken fan alle kanten.“Een gewaarschuwd mens telt voor twee” sil hjir de slogan wêze. En fansels is it ek wol sa. Mar it irritearre my ynienen wat. De “bermbuorden” koe ik noch wol om laitsje, mei al de fantasyferhalen dy’t ik der by betinke koe. Mar “rjochts hat foarrang”, dat wìtte wy dochs wol?
Is it echt noadich, dat der safolle giele buorden oan de dyk komme te stean? Betiden sjogge wy troch de beammen it bosk net mear.
Fansels hat it gjin sin om jin te ergerjen oan de giele buorden, hoe bot as se soms ek “betuttelje”. Blykber is it nedich, dat se der steane, en foarkomt it ûngelokken. En hiel faak ride wy der sûnder erch by lâns. Dus ik sil my der net drok om meitsje, ek al wit ik wol, dat rjochts foarrang hat.
Mar ik sil tenei gewoan goed lêze, wat der op stiet. Ha wy ek noch oare bermen as “gefaarlik” en “sacht”? Wa’t it wit, mei it trochjaan. Miskien binne der no ek giele buorden dy’t jimme fantasy op gong bringe. Want oeral en nergens komt men giele buorden tsjin. Nuttige en wat minder nuttige.
Giele buorden binne foar tyd-
like ferkearssitewaasjes, ha ik lêzen.
Ik bin benijd hoe lang as de berm tusken Jirnsum en Offenwier gefaarlik en sacht bliuwt.
En soe rjochts dêr ek tydlik foarrang ha dan?
Ik hâld jimme op de hichte, en wa’t oare “moaie”giele buorden tsjinkomt: ik hear it graach!
Aeltsje de Groot