Ut bakboek Lekker Franekers fan Maartje Nauta het de Waadhoekster Taalpriis kregen. Dat wurde frijdag 20 febrewary bekend maakt op un feesteluke aven in de Ioannis Theatertsjerke fan Wier, ter gelegenhyd fan de UNESCO Dâg fan de Memmetaal. Ut boek is útferkocht, maar un tweede druk is op komst. Foto: gemeente Waadhoeke
Yn in smûk folle Theatertsjerke yn Wier waard de meartaligens fierd op de fjirde Waadhoekster Taaldei. Efteroer hingje wie der net by: de oanwêzigen moasten my de billen bleat. Sjongeres en presentatrise Janneke Brakels presintearre in meartalichheidsferzje fan ‘Over de streep’. Mei nijsgjirriche fragen en stellings wurde sichtber hoe’t Waadhoeke oer taal tinkt. Oer je al of net ferbrekke, karriêrekânsen as jo in oare taal as it Hollânsk prate, en mear.
Na dut levendige part fan de aven waar ‘t tiid foor de útraiking fan de Waadhoekster Taalpriis, foor ‘t mooiste taalinisjatyf fan 2025. D’r waren dut keer liefst ses projekten nomineerd, deur ‘n rekôrtal instuurders. Drie projekten fan Stichting Bildts Aigene (de ‘glossy’, de letters ‘Kop d’r foor’ en de Bildtse kursussen), de Taaltocht fan Aerden Plaats, ‘t Franeker bakboek en Fûgelwacht Boksum dongen met na de priis.
De sjury beston dut keer út Numana Chaudhry (kommunikasy-adfiseur gemeente Waadhoeke), Jolanda Prosje (akkountmanager Merk Fryslân) en Josse Pietersma (kônservator Planetarium en Museum Martena). Se hadden d’r ‘n hele kluif an en hadden mooie woorden over de nomineerden, die’t de ferskaidenhyd en groate inset fan frijwilligers foor hur aigen taal goed sien laat.
Tòch kon der mar een de winner weze, en dat worde ut boek Lekker Franekers, skreven deur Maartje Nauta en útgeven deur Ut Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers. ‘n Prachtug formgeven bakboek, met oog foar de Franeker geskiedenis. ‘Na lyfde gaat ok taal deur de mage.’ Ut boek is útferkocht, maar de skriifster kônugde an dat un tweede druk in de maak is.