gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Hendrik Liemburg.jpg

Foarâlders

Der wurdt my wol gauris frege wêr’t ús famyljenamme Liemburg weikomt. Ek al om’t dy namme hjir net in soad foarkomt. Dat kin wol klopje want ik bin berne yn Langsweagen op ’e grins tsjin Terwispel oan. Yn ’e bedelte fan de Polderdyk hat de earrebarre my efterlitten. Us heit wie dêr boer, slûswachter, brêgewipper en winterdeis lampe-opstekker fan de petroaljelampe op de polderdyk.

Fan ús heit syn kant stamme wy foar in grut part ôf fan turfmakkers en boeren en komme út ’e hoeke fan Tsjalbert en Gersleat. Beppe Liesbeth wie in van Zwol en har foarâlders kamen út de kop fan Oerisel. Yn 1811 is  de namme Liemburg ûntstien. In sekere Jan Hendriks út it Wytfean trout yn 1778 mei Aafke Alts ut Berkeap, in dochter fan Alt Klazes en Antje Roelofs. 

Jan Hendriks en Aafke Alts komme úteinlik yn Gersleat te wenjen, dêr’t Jan Hendriks aardich oan de wei timmere hat oant hy yn 1810 stoar. Aafke Alts en Jan Hendriks krigen seis bern. Yn 1811 hat Aafke Alts as famyljenamme Liemburg oannaam. Ek har bern, trije jonges en trije famkes hawwe de namme Liemburg oannaam. Wêrtroch de trije jonges der foar soarge ha dat de namme Liemburg foargoed op’e kaart stie. De namme is ôflied fan in slotsje as hoeve Lemenborg, út de omkriten fan Aldeholtpea. Wy stamme ôf fan Aafke Alts en Jan Hendriks harren twadde soan, Alt Jans, berne yn 1788. De nammen Alt en Hindrik komme oant no ta noch altyd foar yn ús famylje.

Fan ús mem har kant sit it oars ynmekoar. Fan beppe Mettje van der Vliet har kant komme wy út in arbeidersfamylje dy’t yn Terwispel oan de Ald Dyk wenne. By ús pake Christiaan Bruinsma syn kant komme wy oar folk tsjin en soenen wy ôfstamme fan Christiaan Vorst fan Nasau Dillenburg. 

Dizze Christiaan Vorst fan Dillenburg is op 15 april 1725 troud mei Isabella Charlotte van Nasau Dietz. Isabella Charlotte is berne op 22 jannewaris 1692 yn Ljouwert en wie in dochter fan Hendrik Casimier van Nasau Dietz en Henriette Amalia Prinses fan Anholt - Desau. Dizze Hendrik Casimier wie doedestiids stedehâlder fan Fryslan. En it koe ek wol kloppe want ús mem har heit, myn pake dus, hjitte ek fan Christiaan en myn broer ek. Jo kinne wol neigean, dat der wol in pear sinten sieten. 

Mar der hat ien as oare fantast west dy’t ús te fiter naam hat en ús ryk makke hat mei in deade mosk. Want doe’t ik ris oan it googeljen wie hoe it krekt ynmekoar siet, kaam ik der efter dat Isabella Charlotte yndied troud is mei Christiaan Vorst fan Dillenburg mar út harren houlik binne spitigernôch gjin bern kaam. Gjin bern, mar wol in soad sinten. Mar dêr koenen wy no nei fluitsje en sadwaande wenje wy net yn ien as oare kastiel, mar yn in premie A wente yn Britsum.

Nei’t it goed útsocht is, binne wy ôfstammeling fan Jeen Bruins en Fimke Sipkes. In turfmakkers húshâlding út’e Himrik dy’t yn 1811 de namme Bruinsma as famyljenamme oannaam ha. Gjin sinten, mar wol in protte bern 

                                    hfdp@kpnmail.nl

(Foar dizze kolum haw ik gebrûk makke fan genealogy Liemburg, makke troch Alt Jans Liemburg út Sigerswâld)