gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Aeltsje 2024.jpg

Kreativiteit

Ik sit hjir no oan in opromme keukenstafel. Bakje kofje, in pantsje druven en fansels de laptop. Kearske oan, oarder en regelmaat sille wy mar sizze.

Dat wie fan ‘e wike wol oars. Myn beppesizzer fan hast fiif jier wie útfanhûs. Trije dagen feest! Mar ek trije dagen in keukenstafel fol mei papier, filtstiften, plakstiften, kleur-potleaden, klaai, ferve en neam mar op. Alles wurdt letterlik út de kast helle. Tekenje, plakke, knippe en fervje, it iene nei it oare “projekt” komt foarby. Hjir en dêr binne der noch spoaren fan werom te finen. Lytse tekene briefkes dy’t op de kast plakt binne. In tekening en in plakwurk op de koelkast: lang leve de magneten. En alles fansels mei in grutte LIZE der op. 

As der wer wat klear wie, moast it ynpakt, en ek dat wurdt dan op in hiel spesjale menier dien. It is mar goed, dat beppe sa’n protte papier hat, èn plakbân…

It is prachtich om te sjen, mei hokker fantasy in fjouwer jierrige troch it libben giet. Oeral wurdt wat yn sjoen, en op elk papierke kin in nije wrâld ûntstean. 

Sels wie ik ek yn in oare wrâld. De wrâld fan “samar” wat tekenje. Fan “samar” wat plakke. De wrâld fan “samar” , de wrâld fan in bern. Wat is it hearlik om der by te sitten, en de kleurkes op papier te setten, sûnder dat dat no wat wurde moast. Gewoan wat doedelje mei lijntsjes en kleurkes.

Doe’t ús bern lyts wiene ha ik dat eins nea dien. Drok mei de saak, drok mei de húshâlding. En no, safolle jier letter, sjoch ik mei fernuvering nei dat famke, dat mei reade wangen fan ynspanning fanalles yn elkoar knutselt. Ik wit, dat se thús ek alle romte krijt, om dingen te betinken en te meitsjen. As ik oan it oppassen bin, dan fyn ik ek oeral bewizen fan plakwurk en tekenwurk. En faak genôch krijt beppe dan ek wer wat moais mei nei hûs.

Kreativiteit, it sit der seker yn. It moaie is, dat it noch giet om it meitsjen sels. It resultaat docht der minder ta. It paad is belangriker, dan it eindoel. En der binne safolle paden te ûntdekken, dat is it moaiste miskien noch wol. En dan tink ik: koe it altyd mar sa bliuwe. Dy ûnbefangenheid. Dat spontane. Dat libjen yn it moment. In paad sykje, sûnder dêr fuort in eindoel by te hawwen. Sa gau krije bern al te meitsjen mei it “perfekte plaatsje”. 

Foardat men der erch yn hat, komt der in wrâld op jin ta, weryn alles perfekt wêze moat. Goede sifers op skoalle. Klean en skuon fan in bepaald merk. Goed yn sport. Meidwaan oan sosjale aktiviteiten. Der by hearre, en gean sa mar troch. 

It gekke is, dat wy allegearre wol witte, dat it perfekte plaatsje totaal net bestiet. Dat bestiet allinne mar yn ús hollen. Der is gjin perfekte wrâld. En wy hoege ek net perfekt te wêzen.

Ik lies hjoed in interview mei in 98-jierrige schilderes. Dy’t noch elke dei skildert “omdat dat it iennige is wat ik kin”. En se freget har nea ôf as it wol moai genôch is. It is sa as it is.

Ik bin der fan oerstjûge, dat elk minske kreativiteit yn him of har hat. Allinne miene wy faak dat dat net sa is, omdat wy ússels fanalles oplizze. Krekt, it moat perfekt wêze. 

Ik ha fan ‘e wike wol wer leard, dat dat net sa is. Alles is goed sa as it is. Wy kinne hiel wat leare fan ús (berns)bern. As “âlde beppe” (echt, sa wurd ik neamd troch Lize) fyn ik it in foarrjocht om wer ris mei de eagen fan in bern te sjen nei de dingen. Fyn ik it in foarrjocht om in pear dagen wer te libjen yn it no, en net te fier foarút te sjen.

It is eins wol spitich, dat men as santich plusser sjocht, dat der safolle tiid fergriemd is, troch it altyd mar better en moaier hawwe te wollen. Dat der safolle tiid fergriemd is, om’t men altyd mar mei de takomst oan de gong wie, en net mei it no. Miskien moat men ek wol âlder wêze om dat te sjen; der is hieltyd minder takomst, dus it draait om it “no”. 

Wiisheid komt mei de jierren. 

Dan hoopje ik dat ik mar in âlde wize frou wurde mei, krekt sa as dy frou fan 98. Dy’t de wrâld noch altyd besjocht mei de eagen fan in bern 

Aeltsje de Groot