Algemeen
Column Etie Pasma: Alde Sije (21)
Jo man leit yn it sikehûs? Wat is der mei him? frege hy. Ik fertelde oer dyn hertoanfal en hy woe witte hoe it no mei dy gie. Neidat ik sei dat it better gie sei hy ynienen, moai dan kom ik fan ‘e middei by jim yn it sikehûs! Fynst dat net frjemd?’ ‘Ja, hiel frjemd! Mar werom, is der wat bard of sa?’ ‘Dat ha ik him frege fansels, mar hy sei, dat fertel ik leaver persoonlijk en net oer de tillefoan! En no wit ik dus noch neat, mar we sille it aanst wol hearre, tink ik.’
Elske wie noch mar krekt útpraat as dêr kaam in grutte man troch de doar. Se wist drekst dat dit de plysjeman wie, want dit wie in man mei gesach! Dit moast er wêze! Hy frege: ‘Is dit de famylje Sietsma?’ ‘Ja, dat kloppet’ sei Pyt. ‘Moai, dan bin ik hjir te plak! Ik koe jo earst net fine man, mar gelokkich wisten se by de balie wêr jo wienen.’ Hy fûstke mei har, stelde him foar as Wytsma en sei: ‘Foardat we fierder geane, hjir neist is in kantoarke, dat meie wy wol brûke, sille we dêr mar fierder prate?’ Der kaam in suster de keamer yn mei in rolstoel. Pyt gie dêryn sitten en Wytsma brocht him yn de rolstoel nei it kantoarke.
Eelkje fûn dat sy der net by hoechde te wêzen en woe ek net by de mannen bliuwe dêrom pakte se Elske by de earm en sei dat se nei it restaurant gie om kofje. Elske knikte en rûn efter de beide mannen oan. Wytsma begûn syn fragen mei:‘Kloppet it dat jimme de lêste tiid op de kamping yn de Wâlden op fakânsje wienen, mei neist jo in lytse karavan mei twa manlju deryn?’ ‘Ja, dat kloppet!’ sei Pyt. ‘Wat wienen dat foar mannen?’ Elske fertelde dat de jongens eltse dei te fiskjen gienen en dat se har, de nachts doe Pyt in hertoanfal hie, omraak holpen hienen. ‘Geweldich, wat sy dien ha! As sy der net west hienen, dan hie Pyt no net mear libbe!’ Mei de trienen yn de eagen pakte se Pyt by de hân en koe efkes net mear prate. Wytsma wachte oant se wat bekommen wie en frege doe oan Pyt: ‘Wat fûnen jo fan dy mannen Sietsma?’ ‘Dêr kin ik koart oer wêze, geweldige kearels, want se ha myn libben rêden! Fierder wit ik neat, ik bemuoide my net mei har, dêrfoar moatte jo by myn frou wêze, dy hie wol niget oan harren.’ ‘O ja, hoesa dan?’ frege hy no nijsgjirrich. Mar Elske hie tiid hân om nei te tinken en frege no sels: ‘Wêrom wolle jo dit allegearre witte? Wat is dêr mei dy jongens en hoe komme jo by ús?’
‘No, dizze beide mannen ha in ûngelok hân mei de auto en lizze yn it sikehûs. Se binne swier ferwûnne en net oansprekber en wy kinne dêrom net mei har prate en witte hast neat fan har. Wol fûnen we wat oer de kamping yn de karavan. De beheerder wist niks te fertellen, mar sei dat jimme wol kontakt mei mekoar hienen!’ ‘Och hea, Barry en Paul ferwûnne, hoe liket it komme se der wer boppe op?’ ‘Dat wit ik net, mar kinne jo my ek wat mear oer har fertelle?’ ‘Even tinke, no ja, it wienen broers, Paul en Barry de Vries, se komme út Utrecht en wienen hjir op in fisk fakânsje. Mar it wie wol wat frjemd hear, want se kamen wol mei fisk werom, mar ik ha nea rûkt dat se oan it fisk bakken wienen en dat rûkt oars fier! En somtiden as wy foarby de karavan rûnen en nei har swaaiden dan dienen se de gerdinen ticht, no Pyt?’ ‘Ja en dan sei ik, lit dy jongens gewurde. De frou woe se ris útnoegje te kofjedrinken sjoch, mar dat ha ik keare kinnen. Net om de kofje hear, mar dit wienen jongfeinten en dy ha niks mei ús, âlde minsken.’ ‘Witte jo oars ek noch wat oer dy mannen?’ frege de plysjeman wer oan Elske. ‘No ja, ik gong nei har ta om help, earst om 112 te beljen, want myn tillefoan die it net en letter wer doe Pyt bewusteleas op bêd lei. Earst duorre it in hiel skoft foar dat der ien by de doar kaam en wie it krekt as wienen se oan it oprêden. De twadde kear bin ik de karavan ynrûn en doe lei de iene gau in jas oer wat leppeltsjes op de tafel. Frjemd no?’ ‘Ja, miskien wol, mar fijn dat jo my dit sein ha, want no witte wy yn elts geval dat it broers binne en De Vries hite, jo wurde bedankt.’ It petear wie ôfrûn, hy brocht Pyt wêrom nei de seal, fûstke ôf, groete de oaren en gie fuort.
Elske gie nei Eelkje yn it restaurant en naam dêr ek ik bakje. De mannen op seal woenen fan Pyt witte wat dy plysjeman woe. Pyt fertelde oer de jongens op de kamping, oer syn hertoanfal en oer de reanimaasje fan Elske mei help fan dy jongens. ‘Dy jongens’ sei Pyt dy no oandien wie, ‘ha in slim ûngemak hân en binne sa swier ferwûnne dat se net mear oansprekber binne. Jim kinne begripe dat Elske en ik no fan slach binne, want foar ús binne dy jongens helden dy myn libben rêden ha!’ En as it no troch dat bericht kaam as troch de emoasjes fan Pyt, dy de trienen yn ‘e eagen hie, mar foar de feroaring wienen de beide mannen stil!
Etie Pasma
Stiens 2024 (21)
Laatst geplaatst
Agenda
-
Vr 11 oktober
-
Zo 13 oktober
-
Ma 14 oktober
-
Di 15 oktober
-
Wo 16 oktober
-
Do 17 oktober
-
Do 24 oktober