Algemeen

Column: Waarm sitte… ûnder de beam!

Bêste minsken, hjir stie in tige nijsgjirrich ferhaalstje foar jim klear yn it Hollansk. Mar de lju om mij hinne seinen: “Sonde fan dat stik Bauke, dat fâlt ‘er mei de Kryst dochs by troch by al dy Krystdrokte”. Nou, dat ferhaalstje (“column”) komt dan no yn it nije jier! Binne wy dan gau klear. En omdat jimme no dochs blykber net sa manmachtich binne, giet dit ferhaalsje no ris yn it Frysk!  

Hooplik is it jim opfallen dat ik dit jier op dit plak geregeld op ‘e tekst west ha op it téma: Waarmte, ferwaarmje, besparje en – ja - duorsumens. En dat die ik yn it Hollânsk om gjin minsken te missen. (En jimme kinne dat ek wol wat lêze, tocht ik...).Takomme jier mear dêrfan dus. De ferhaaltsjes fan dit jier binne werom te lêzen op it Wrâld Wiide Web, op de side fan de Energykoöperaasje. It adres stiet ûnderoan dit ferhaal. It hyt dêr fan “Blogs”, dat moat nochris oars: “Columns” is better. As jimme se net kinne: mooi putsje foar it ein fan it jier. Lêze blinder! 

“Waarm sitte” passet fansels goed by de Krysttiid! Wy komme dan graach by inoar mei famylje en kinne dan inoar letterlik (en figuerlik) waarm hâlde. Dat sadwaande gjin ge-eamel hjir oer hoe wy ferstannich it hûs waarm krije:  Jei it fjoer mar yn it brânhout en jou in slinger oan de termostaat! Oare jier prate wy wol wer fierder. 

De column yn de earste Stienser fan 2026 sil hjitte fan “De zon is de baas”. En yn it begjin sil earne stean:  “ ... onze aarde krijgt op één dag ongeveer 10 tot 15 keer zoveel energie van de zon toegezonden als de hele mensheid tegenwoordig in één jaar verbruikt!”.  Faaks wisten jo dit al, maar oars is it wol goed om dit yn dizze dagen ris te oertinken, of ... sels even nei te sykjen. 

Puzel
Dan hawwe wij noch in krystpuzel: Sykje ris út hoe grut ús ierde is, fanôf de sinne sjoen. Grutter, of lytser as dat wy Venus sjogge?  

Priis: De ynstjoerder mei it bêste antwurd krijt fan ús in P1-meter foar it útlêzen fan de slimme meter kado. Antwurden op te stjoeren nei : info@stienzerek@gmail.com , mei derby sein: “Krystpuzel StEK” 

Eintsjebeslút: In waarm hert tawinske, noflike dagen en in tolerant en fredich 2026!

Meer informatie
Op de website https://stienzer-ek.nl/blogs/ staan meer colums