Algemeen

De Fjouwer yn Reitsum duorsum mei Leaderjild

Ein 2020 ferhuze doarpshûs De Fjouwer nei de eardere basisskoalle De Flieterpen yn Reitsum. Al moannen lang wurkje in soad frijwilligers oan de ferbouwing fan it gebou.

Mei troch Leadersubsydzje dat se krigen, koene de plannen trochgean en is it gebou ek duorsum makke. Sawol de regio Noardeast as Noardwest Fryslân kin fan dit jier op 'e nij hast in miljoen euro oan projekten op it mêd fan leefberens besteegje. Dat jild komt út de regeling foar Leader, in Europeesk ûntwikkelingsprogramma foar plattelânsgebieten. Yn Noardeast en Noardwest Fryslân kin projekten subsydzje Leaderjild oanfreegje.

Mear ynformaasje op www.fryslan.frl/leader