Algemeen

#FryskSichtber: meitsje it Frysk sichtber op Ynternasjonale Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dy dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hat Praat mar Frysk in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En elkenien kin fansels meidwaan. 

De hiele wike al hat Praat mar Frysk foto’s sammele fan it Frysk yn de iepenbiere romte. Moaie Fryske teksten op auto’s of buskes, bedriuwen dy’t yn it Frysk advertearje of oare sichtbere Fryske teksten, lykas nammen op gevels, wurden op de muorre, buordsjes yn de tún en gean sa mar troch. Dêrneist is it foaral in oprop. Hast in bedriuw? Betink wêr en hoe oftsto it Frysk sichtber meitsje kinst en lit it resultaat sjen. Om koart te gean: meitsje sels it Frysk safolle mooglik sichtber yn de iepenbiere romte. 

“It is foar de brûkers fan in taal wichtich dat de taal ek sichtber is yn de iepenbiere romte en by bedriuwen en online,” fertelt projektlieder Mirjam Vellinga. “It soarget foar mear status en bewustwêzen en it hat in sinjaalfunksje. It jout oan dat de taal ek brûkt wurde kin. En dizze aksje lit sjen datst sels maklik wat dwaan kinst foar dyn taal.” 

Fan 21 o/m 28 febrewaris sil Praat mar Frysk de ynstjoeringen diele fia de sosjale-mediakanalen. Sa wurdt it Frysk ek online mear sichtber. Eigen foto’s direkt diele kin fansels ek. Minsken kinne dan de hashtag #FryskSichtber brûke.