Algemeen

Kursussen Frysk fan de Afûk sette wer útein

 Koroana sette it ôfrûne kursusjier ek in dikke streek troch de plande kursussen Frysk fan de Afûk. Gewoanwei ferwolkommet de organisaasje rûchwei 1000 kursisten jiers. It grutste part dêrfan folget ien fan de groepskursussen dy’t op ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje hinne organisearre wurde. Dat wie it ôfrûne jier net of mar beheind mooglik. Fan ein septimber ôf set de Afûk lykwols wer útein mei in nij kursusjier. 

Foto: Jacob van Essen, Hoge Noorden

Troch koroana ferrûn it ôfrûne kursusjier oars as oars foar de Afûk. Benammen foar de groepskursussen op lokaasje hiene de koroanamaatregels konsekwinsjes. Kursussen moasten ôfsein of útsteld wurde of op in oanpaste wize jûn wurde. Sa waard de mooglikheid om online in kursus te folgjen oan it kursusoanbod tafoege. Foar it kommende kursusseizoen lykje de stjerren geunstich te stean. De Afûk giet derfan út de kommende perioade syn kursisten, mei ynachtnimming fan de dan jildende koroanamaatregels, (ek) wer ‘gewoan’ yn groepen op lokaasje ferwolkomje te kinnen. 

Njonken it besteande, brede oanbod fan kursussen − yn groepsferbân of skriftlik – om it Frysk ferstean, praten en skriuwen te learen, bliuwt it ek mooglik om online in kursus Frysk skriuwen of Frysk ferstean te folgjen. Foar minsken dy’t, om hokker reden dan ek, net yn in groep op lokaasje dielnimme kinne of wolle, is dat in hiel moaie manier om dochs mei in groep en ûnder begelieding fan in dosint in kursus te folgjen. 

Mear ynformaasje oer it kursusoanbod fan de Afûk is te finen op de website www.kursus.afuk.frl