Algemeen
Sinteklaasferhaal troch Etie Pasma: De ynpak-piten
Sinteklaas wie wer mei de stoomboat ûnderweis nei Nederlân. Dat wie in lange reis en it gie net sa fluch mei de stoomboat, want dy koe fansels lang sa hurd net as de boaten fan tsjintwurdich. Mar dat wie net slim, want de Piten moasten ûnderweis noch hiel wat dwaan en se hienen it dan ek drok, foaral de Ynpak-Piten. Se wienen drok oan it wurk west, mar it wienen dy kear in soad grutte pakjes en dat koste ek in soad papier, dêrom gie in Pyt nei Sinteklaas en sei dat it ynpakpapier hast op wie.
Sinteklaas bestelde nij papier, want dêr koenen se fansels net sûnder. Dat nije papier soe dy jûns, as se yn de haven leinen, oan board brocht wurde! Bêst genôch!
Dy jûn sieten de Piten gesellich by mekoar en krigen in berichtsje, dat it nije ynpakpapier der wie. Twa Piten gienen nei ûnderen om dat oan te pakken.
‘Is dit it nij ynpakpapier foar Sinteklaas?’ frege in Pyt, oan de man dy twa pakken by him hie. Dy knikte, mar hy sei neat, it ienige wat er die wie proeste, snotterje en snúte!
De Piten pakten it gau fan him oan en gienen wer nei de oaren.
Tafallich wie de Stjoer-Pyt dy jûn by Sinteklaas op de keamer om troch te praten hoe se de oare deis farre soenen en yn welke haven se de oare jûn oanmeare soenen, foar it gefal as der wer wat besteld wurde moast. Se hienen it dêr gesellich tegearre en sûnder erch wie it let wurden en gie de Stjoer-Pyt dêrnei drekst mar nei syn hut en op bêd.
Sinteklaas tocht, de oare deis, dat de Stjoer-Pyt dêr boppe yn de stjoerhut altyd wol hiel allinnich wie en dêrom woe hy him hjoed mar wat geselskip hâlde! Wylst se dêr gesellich by mekoar wienen hearden se ûnder rare gelûden. De Stjoer-Pyt die de doar fan de stjoerhut iepen, harke en wat hearde hy? Hy hearde minsken dy wol tweintich kear efter mekoar proeste moasten, dat hy sei tsjin de Sint: ‘It liket wol dat se dêr ûnder ferkâlden binne, dat jo kinne hjir mar better bliuwe want jo moatte net siik wurde. De Sint tocht dat it wol wat tafalle soe, gie ek nei de doar, mar doe er hearde hoe mâl it dêr ûnder gie sei er: ‘Do hast gelyk, ik bliuw hjir mar! Wol belle hy de haad-Pyt en frege wat der wie. Mar dy koe er net verstean, sa moast dy proeste, dêrom sei er: ‘Jou my ien dy net ferkâlden is!’ Mar dy wie der net, ze wienen dêr allegearre siik en ferkâlden!
Sinteklaas belle in dokter, want hjir moast wat oan gebeure. Dy sei dat er de jûns komme soe as se yn de haven leinen. De dokter hie in lapke foar de mûle doe er kaam, want hy woe net siik wurde en gie nei de Piten. Mar hy koe net folle dwaan, se moasten fansels wer better wurde. Wol krigen se in lekker drankje fan dropwetter foar de seare kiel en se moasten trije dagen binnen bliuwe, sei er. Mar dat wie net slim want it wie dêr gjin moai waar op see. Dêrnei belle de dokter mei Sinteklaas en sei, dat dy net ûnder komme mocht, omdat it hiel besmettelijk wie.
Gelokkich wie de Stjoer-Pyt net siik, dus Sinteklaas koe moai by him bliuwe en sa koenen se ek gewoan troch farre en kamen noch op tiid yn Nederlân oan.
En de Ynpak-Piten? Dy waarden stadichoan wer wat better en begûnen al wer wat kadootsjes yn te pakken. Mar dat ynpakken gie noch net sa bêst, want ze wienen noch wol in bytsje siik! Dêrom leave bern, miskien krije jim wol in pakje dat net moai ynpakt is.
Dan is dat ynpakt troch ien fan dy sike Piten en dy kin dêr dus echt niks oan dwaan.
It kin my trouwens neat skele hear, as ik in pakje krij dat net sa moai ynpakt is! Dy ferpakking skuorre je der ôf en it papier komt by it âld papier. Mar wat der yn sit, dat kadootsje, ja…. dat kin my wol wat skele, dat is it alder fernaamste, fyn ik! Fine jim ek net ?
Etie Pasma
Bêste lêzers fan de Stienser, hjir in berichtsje fan my.
Drukkerij Brandsma út Ferwert hat fan myn column ‘Alde Sije’ it boekje “Oerfal yn de Hijumer Mieden” makke en dat komt ynkoarten út. De column dêroer giet gewoan troch en sil oant en mei septimber, takom jier, gewoan te sjen wêze yn de Stienser.
Dêrneist ha ik njoggen Krystferhalen klear lizzen en ek dêr meitsje sy in nij boekje fan. Beide boekjes binne no alfêst te bestellen, op myn email adres!
Mei fr. gr. Etie Pasma E-Mail: etie.pasma@hotmail.com
Laatst geplaatst
Agenda
-
Zo 8 december
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Za 14 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens