Cultuur

Rederikerskeamer Halbertsma fiert jubileum

Op 1 desimber fan it jier 1875 waard yn it logement “Den Briel” oan de Uniawei yn Stiens it beslút nommen ta oprjochting fan “Rederikerskeamer Eeltsje Halbertsma”.

Dit beslút hat op 2 desimber offisjeel laat ta de ynskriuwing fan de rederikerskeamer as feriening by de keamer fan keaphannel.

De earste útfiering fan de feriening (earst noch sûnder publyk)  wie “De skearwinkel fan Toan Sjipsop”, skreaun troch de alom bekende Waling Dykstra, wêrnei op 29 novimber 1876 de earste publyksfoarstelling “in it forguldern bûterfet” spile waard.

Hoewol’t ús feriening foar in part fuortkaam is út de yn 1965 oprjochte “Recitear feriening Oefening ta Genot” en de yn 1872 oprjochte “recitearkolleezje Oefening kweekt Kennis”, beskôgje wy 1875 as it jier fan de offisjele oprjochting fan ús feriening.

Dêrmei is ús toanielferiening “Rederikerskeamer Halbertsma”, sa’t wy dy no kenne, dit jier krekt 150 jier âld.

Wier in bliid barren der’t wy as feriening  en as doarp grutsk op wêze kinne.

Yn de ôfrûne 150 jier hawwe wy as feriening tal fan toanielútfieringen fersoarge, sawol yn Stiens as op útnûging yn oare doarpen en stêden binnen en bûten Fryslân.

Ek dit jubileumjier sille wy ûs mei in protte wille en ynset wer tariede op in moaie útfiering yn maart 2026. 

Wy wolle graach alle hjoeddeiske en eardere leden, stipers, be-stjoersleden, sponsoren, frijwilligers, repetysje- en spyllokaasjes en it doarp Stiens betankje foar al it nocht en wille dat wy mei ús feriening belibbe hawwe.

Fansels wolle wy ek ús publyk tankje – sawol dejingen dy’t mar ien kear kamen as dy’t al tsientallen jierren ús foarstellingen besykje.

Wy hjitte jimme graach wer wolkom begjin maart yn Grand Café De Smelle Brêge, dêr’t wy mei-inoar genietsje sille fan in moaie foarstelling.

Rûnom de foarstellingen sille wy fansels ek omtinken jaan oan dizze heuglike gelegenheid.