Cultuur

Toanielútfiering fan Nocht en Wille Blije

Pensjon De Richel is in opfanghûs foar dak-en thúsleazen.Lieding en fersoarging binne yn hannen fan Toos en Pien. Toos har libbensdoel is it goede doel. Pien liket in idealistyske frijwilligster….

De fjouwer bewenners ha allegear harren eigenaardichheden. Eduard is in oan leger wâl rekke toanielspiler en hat nochal wat problemen [hân?] mei de alkohol.

Wanda is in hoer op har retoer, sa no en dan besiket se noch wat te fertsjinjen, mar dat slagget har net sa bêst mear. Jotie is in junk dy ’t de “dakleazenkrante” oan de man besiket te bringen, mar eins soe se leaver dichter as skriuwer wêze wolle. En dan ha we noch Rika. Rika is swalkster, kompleet mei winkelweintsje. It weintsje docht ek tsjinst as bernewein foar Iezje. Iezje is poppe dy ’t sy mei ynmoed bememket. En dan is Bennie Wassman der noch. Bennie hat bewenner fan de Richel west mar is troch Toos, nei wangedrach, der ut set. Hij komt noch gauris del.

Pensjon de Richel wurdt bedrige troch de buert. De buert wurdt fertsjinwurdige troch mefrou Meerman. As dat har slagget kinne jimme sjen op snein 25, freed 30 en sneon 31 jannewaris, yn it MFA fan Blije.