gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Aeltsje 2024
Algemeen

Beperking

Fan ‘e wike sieten wy yn de wachtkeamer op de röntgenôfdieling fan it sikehûs. Ik bin al jierren (hast) dôf oan ien kant en op in gegeven momint is men dêr klear mei. Mar om’t it net dúdlik is, wêrt it “probleem” wei komt, moast der in MRI makke wurde fan de “brughoek”.

Ha ik ek net fan mysels, mar dat stie yn it brief, dat myn húsdokter krigen hat. Men kin tsjintwurdich alles werom fine, sa bliuwe wy by de tiid. Der moast in MRI fan it gedielte by it ear makke wurde, dat achter it slakkehús leit.

No ja, oant safier dit praat, dat fierder net fan belang is. It giet der om dat wy dêr sieten. Noch foar de feitelike wachtkeamer, want dêr siet it fol. Dus wy koene net rjocht sjen wat en wa’t dêr sieten. Mar wy hearden wol in bernestimke, dat fol fjoer in ferske siet te sjongen. It klonk moai, dêr yn dat stikje sikehûsgong. De frou neist my flústere: “dat is in berntsje mei in beperking”. 

Hoesa beperking? Dat wie myn earste gedachte. Dit bern song fol oerjefte en luts har neat oan fan de minsken dy’t om har hinne sieten. Hoesa beperkt? Sy liet har net beperke troch al dy folwoeksenen om har hinne yn elk gefal.

Rients en ik seagen elkoar oan. En wy tochten beide oan itselde. In skoftsje lyn seagen wy in filmke út 2012. Ien kontrabas begjint te spyljen. Dêrnei komt de sello, en dy set de melodij yn; “Alle Menschen werden Brüder.” Alt- en sopraanfioelen folgje. Dan komme der blazers by de groep. Sa giet it troch, oant der in hiel orkest “Alle Menschen werden Brüder” stiet te spyljen. En dêr is it net mei dien. Op it al grôtfolle plein stiet ek noch in hiel koar, dat it gehiel kompleet makket. Ien ynstrumint begjint, en sjoch ris wat der úteinlik út komt!

“Eins soene wy no ek meisjonge moatte”, sei Rients. Mar, wy sieten oan de “oare” kant, dus ek net ticht by. En wy binne fansels hartstikke beperkt, want ja, soks docht men ek dochs net...

Mar myn fantasije gong op de rin. Wat hie it geweldich west, as wy allegearre, ien foar ien, mei wiene begongen te sjongen. Wat soe dat prachtich klonken ha, dêr yn dy gong yn it sikenhûs. Se hiene it fêst wol heard yn de wachtkeamer achter ús. As dy no ek ris begongen wiene te sjongen. En de ferpleechkundigen yn de behannelkeamers… Wat in feest hie it west. Miskien wie it wol binnen drongen by de minsken yn de MRI scan, al moat der dan wol flink oansongen wurde.

It gebeurde net. Nimmen song mei, elk dwaande mei syn eigen dingen en prakkesaasjes. En it sjongen hâlde op.

Mar gelokkich wie it noch net dien. Want no klonken der ynienen krystferskes troch de gong. En dat hat yn oktober ek wol wat, ik waard der suver bliid fan. De tillefoan lit alles hearre, wat wy mar wolle. En dat wiene no tafallich krekt krystferskes. De measte minsken om my hinne moasten even glimkje. Dat dan wol. Mar wy komme net op it idee om in fleurich ferske hearre te litten as wy yn in wachtkeamer sitte. In petear mei ien oangean, slagget al net iens altyd. Wy sitte allegearre op ús eigen eilantsje. Wachtsje oant immen “mevrouw De Groot” ropt, en dan gau nei binnen en sa gau mooglik wer nei hús.

Wat binne wy dochs beperkt, tocht ik. Wat litte wy ús beperke. Troch al de rigeltsjes fan hoe as it wol of net heart. Wat wol of net mei. Ik ha dat sels ek wol oer my. Foaral net opfalle wolle. Mar ûnderwilens bewûnderje ik de paradysfûgels, dy’t har neat oanlûke fan wat in oar der fan fynt. Dy’t der ek as paradysfûgels by rinne, kleurich en fleurich. Dy’t wol mei begjinne te sjongen, as der ien begjint. Dy’t wol krystferskes yn de simmer hearre litte, om’t se dêr tafallich sin oan ha.

Sa soe ik wol wat mear wêze wolle. It spyt my noch, dat ik fan ‘e wike net wat tichter by dat famke mei har “beperking” siet. Miskien wie ik dan wol mei begongen te sjongen. Miskien… Mar dizze beperkte frou die neat. Ja, genietsje fan dat hearlike bern, dy’t wêze mocht, dy’t se is.

Se rûnen ús foarby foardat ik der erch yn hie. Want wat hie ik har graach bedanke wollen foar dat hearlike kertierke dat se ús jûn hat.

Aeltsje de Groot