gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
HvdP beppe grietje

Eigen hûs en hiem

Tsjintwurdich komt men hast op alle stjoerders wol in programma tsjin wêryn se in hûs en foaral de tún opnij in metamorfoaze jouwe. De iene stjoerder pakt it soms in bytsje oars oan as de oare mar it komt faak op itselde del.

De redactie |

Meastal komme sy by bewenners dy’t in drok libben ha mei hege banen en gjin tiid ha om harren hûs skjin te hâlden en al hielendal gjin tiid om de tún te ûnderhâlden. Yn sa’n program komme der ferskate arsjitekten oan te pas om de saak ris goed ûnder hannen te nimmen. Dat wol sizze: Alles wat los sit wurd ferwidere en nei in kleurke opnij wer ynrjochte. Keamer en ek de keuken krije in oar oansjen en de tún giet finaal oer de kop. De tún nimt de measte tiid yn beslach om’t it der faak treurich hinne leit. Oer it algemien wurdt der in “gebruiksvriendelijke tuin” fan makke, dêr’t de túnman letter net folle wurk fan hat. Dit alles komt yn in programma dêr’t de barbecue de reade tried is. Op it ein krije de bewenners en meiwurkers allegear in gleske wyn en in hapke ûnder it deksel wei. Ik sil net sizze dat de programma’s net goed binne, mar as ik sjoch dat op it ein fan it programma de bewenners as bern mei de eagen ticht midden yn de keamer stean moatte en wachtsje op in seintsje fan de presintator om de eagen iepen te dwaan, ha ik oanstriid om de televyzje út te dwaan. By de tún rinne se mei de eagen ticht troch de túndoarren en meie bûten de eagen wer iepen dwaan. Dan begjinne ek de oohs en aahs en de bykomstige tuterij. As lêste gean se nei de keuken. Hielendal opnij opset, mei in oanrjocht yn “betonlook” mei twa goatstiennen. In keuken dy’t miskien mar út en troch brûkt wurde sil, om’t dit soart minsken faker in hapke bûten de doar ite.

It die my tinken oan 1966, doe’t ik mei ús heit en mem ferhuze fan’e Damslûs nei Terwispel oan’e feart. Yn it begjin fan dat jier hie ús heit it hûs kocht. Der moast noch it ien en oare yn fertimmere wurde, mar wy hienen gjin arsjitekt nedich. De timmerman makke efkes in sketske op in stik planke en sa kaam it der ek út te sjen. In pear mantsjes hawwe de boel yn it behang set en alles opferve. Yn july binne wy ferhuze. Fan in pleats mei in wenkeuken en in romme foarkeamer nei in arbeiderswente mei in lytsere foarkeamer, in lytsere efterkeamer en in lyts keukentsje, dêr’t ús mem har útlibje koe wat it itensiden oanbelanget. Alle húsrie koe wer brûkt wurde op it dressoir nei. Doe’t wy dwaande wienen om dat fan’t stee te krijen foel it útmekoar. Rudolphy hie wol in nije stean. Wat der foarhinne opstie kaam der no ek wer op. Ek de foto fan muoike Geesje, ús mem har suster dy’t jong stoarn is. Pake en beppe kamen wer boppe de doar te hingjen en ús famyljeportret boppe de skoarstienmantel. In túnman wienen wy net nedich om’t it hiem foar it grutste part út grientetún bestie, dy’t ús heit al omspit hie noch foar it hûs klear wie en wy der op it ein fan de simmer fan ite koenen. 

Doe’t alles klear wie hawwe wy ús heit en mem net mei de eagen ticht midden yn de keamer set en der binne ek gjin oohs en aahs fallen. Wy hawwe noch wol efkes noflik sitten mei in bierke en in gehakbal út ús mem har fetpantsje. Der feroare foar ús neat. Wy kamen op deselde stuollen te sitten dêr’t ik op de pleats ek op siet. Mar foar ús mem feroare der wol wat. Sy hie krektlyk as op’e Damslûs in stienen oanrjocht mei ien goatstien. Ek no stienen de wettersieder en it twapits elektryske stel op it oanrjocht. Ek de kofjekanne op it petroaljestel krige syn plakje wer.  Alles bleau gelyk, krektlyk as de matte dy’t foar it oanrjocht lei. De ienfâld sa’t wy wend wienen, striele der ôf. Dochs wie der ien hiel grut ferskil. Dat wie in wetterkraan boppe de goatstien. In wetterkraan     oansluten op it wetterliedingnet. 

Dat wie hiel wat oars as  op’e Damslûs. Dêr stie noch in wetterpomp, dy’t oansluten wie op de reinwetterbak, boppe de goatstien. 

 hfdp@kpnmail.nl