Fan ‘e wike lies ik in gedicht fan Toon Tellegen. De skriuwer fan in hiele protte ferhaaltsjes weryn bisten de haadrol hawwe. Ferhaaltsjes dy’t ek foaral ferwize nei it deistich libben fan dy oare bistesoarte, de minske. Ferhalen mei in boadskip dus.
Dit gedicht hat ek in boadskip (fansels). It giet oer de streep, dy’t de minske altyd wer foar himsels lûkt. Oant safier en net fierder. Oant dyselde minske fierder giet, en in nije streep lûkt. It gedicht giet fierder: oeral binne minsken, earnstich en hastich. Elkenien lûkt in streep, elkenien giet fierder.
Grinzen stelle en grinzen ferlizze. Eins gie de oertinking dy’t ik hjoed hâlden ha yn de Meniste tsjerke fan Balk dêr ek oer. En fansels sil ik hjir net in hiele teologyske ferhandeling hâlde, dêr is dizze kollum net foar bedoeld. Mar it sette my wol oan it tinken.
It giet ek oer kieze, oer dochs elke kear de streep wer fierder sette. Elke kear wer oer de streep stappe en fierder gean. As wy dat net dogge, dan soene wy ek nergens komme.
Yn myn ferbylding sjoch ik al dy strepen achter my. Al dy kearen, dat ik in streep lutsen ha en dêr ek wer oer hinne stapt bin. En sa sjoch ik in hiele wrâld fol mei strepen, omdat minsken altyd wer fierder gean. Oant dy lêste streep komt, dêr’t se net mear oer hinne stappe kinne. Dat stiet net yn it gedicht fan Tellegen, mar ienkear is dêr dy lêste streep, de einstreep, dat kin net oars. It is ienkear “ho”. It sil ek de tiid wêze, dat ik hjir wat mear by stil stean.
Earst al 2 novimber, “allerzielen”, men kin der tsjintwurdich hast net mear om hinne. It is net allinne mear in roomse oangelegenheid, mar ek yn de protestantse tsjerken wurde der kearskes oanstutsen op dy dei en binne de tsjerkhoven ferljochte mei in hiele protte ljochtsjes. Soms wurde de ferstoarne minsken betocht op dy dei, of op de snein dy’t der it tichtste by leit. Yn ferskate tsjerken bart dat ek op de lêste snein fan it tsjerklik jier, dit jier is dat 22 novimber. Tafallich is dat de dei werop Nico 70 jier wurde soe. Nico, dy’t de lêste streep al foar him hân hat. Gelokkich hoopje wy wol de jierdei fan syn twallingbroer te fieren. It bliuwt elk jier sa dûbel, mar Jan fertsjinnet syn feest, wy meie it fiere en beseffe hiel goed, hoe kwetsber as in libben wêze kin. De einstreep kin der samar wêze.
Sadwaande dus dy gedachten oer strepen, en úteinlik de einstreep. It is net bedoeling hjir in sombere kollum fan te meitsjen. It is allinne sa, dat it ferline yn dizze tiid tichterby komt. Wy tinke oan en betinke de minsken dy’t net mear by ús binne. En gelokkich kin dat ek mei tankbere gedachten, mei moaie oantinkens. Doe’t ik hjoed yn Balk preke, wiene myn heit en mem tichtby. Se hawwe de lêste jierren fan harren libben yn Balk wenne, ticht by al dy famyljeleden fan ús mem, dy’t út de Súdwesthoeke komme. En sommige dêrfan wiene hjoed yn tsjerke.
Ik tink oan myn oerbeppe Trijn, dy’t mei pake Wigle oan de Luts wenne yn Balk. Dêr’t ik as famke wol útfanhûze ha. Hiel spannend, yn dat âlde hûs, mei flearmuzen efter it behang. Beppe Trijn, myn bèppe, om’t beppe Aaltsje, har dochter, der al net mear wie. Minsken fan foarby wurde se neamd. Foarby, mar net fuort.
Ik tink oan dy minsken, lang lyn ferstoarn, en noch net iens sa hiel lang lyn.
Ik sjoch nei de foto fan Nico, mei syn bliere laits, dy’t hjir no yn Nijesyl neist dy oare foto stiet: fan Tineke. Rients syn frou, yn deselde wike as Nico ferstoarn. Ek blier laitsjend. Twa minsken, dy’t wy oh sa misse. Mar dy’t der gewoan wêze meie, nêst twa minsken dy’t elkoar fûn hawwe en fan elkoar hâlde. Sa’t se ek fan Nico en fan Tineke hâlden ha.
It libben is wûnderbaarlik. En sa meie wy dan dochs altyd wer nije strepen sette. Soms wolle wy wol even stilstean by sa’n streep. Wol ik fierder, doar ik fierder? Mar wy stappe der oer hinne, omdat it mei, omdat it kin. Noch altyd hat it libben nije útdagings, nije ferrassings. De strepen fan it libben binne net mear te tellen. Mar wat bin ik bliid, dat wy se noch sette kinne. Dat wy fierder meie en kinne. En de minsken fan foarby nimme wy mei.
Aeltsje de Groot