Doe’t de reagers foar de safolste kear it fiverfoly trochpikt hienen, hienen we mar besluten om ús fiver ticht te smiten. Spitich, mar as men op’t lêst de gatsjes net mear fine kin, is der mar ien oplossing: Tichtsmite. Mar in jier letter kamen wy der efter dat we dochs wol ûnwennich wienen fan ús fiver. We hawwe doe mar besluten om in lytsere fiver oan te skaffen.
Dizze kear net ien mei fiverfoly, mar in grut útfallen rjochthoekige speesjetonne. As de reager dêr yn pikke soe, koe hy der wolris pineholle fan oerhâlde. Nei wat passen en mjitten kamen wy ta beslút dat hy mar foar ús bushokje lizze moast.
Dan koenen wy út de luie stoel wei de fisken swimmen sjen. In gaadlik plakje. Mar dan komt it. In fiver tichtsmite is wat oars dan in fiver op’e nij útgrave. Myn âld bealch hie der wol oan om dat foarmekoar te krijen. It kaam ek te praat, doe’t ik mei ús ideale skoansoan efter hûs oan in bierke siet. It siet efkes dreech, mar nei trije bierkes waard samar it beslút nommen dat hy it gat fan de fiver wol grave woe. Foar sa’n jongknaap fan middelbere leeftiid is it mar in putsje en nei in pear oeren siet der in gat yn’e grûn dêr’t de fiverbak presys yn paste. In boer út it Aldlân woe de grûn wol hawwe om’t by him in daam wat fersakke wie. No koe it feest begjinne om de fiver oan te klaaien. It wie al te let yn’e tiid om der wetterplanten yn te setten mar wetterpest wie needsaaklik sei de man fan de fiverwinkel. Mei in pûdfol wetterpest wer op hûs oan. Wetter yn de fiver en de wetterpest der yn.
De oare maitiids wie fan de wetterpest neat mear te sjen, allinne de blokjes dêr’t it oan fêst siet leinen noch op’e boaiem. Wer nei de fiverwinkel om planten, fisken en trije pûdfol wetterpest. Alles ynstallearre en de simmer koe mar komme. Mar it foel op dat de planten net útein setten mar it wetter wol griener waard. Dat betsjutte dat der algen wienen, earne dat ik by de foarige fiver mar inkeld ris meimakke hie.
Mar wer nei in fiverwinkel om spul op te heljen dat de algen te liif gean koe. Yn de winkel stienen ferskate potsjes en fleskes mei sterk spul dat de algen te liif gie. Mar, waard der sein, dat it mar better wie om de fiver leech te heljen, skjinmeitsje en op’e nij wer fol dwaan mei skjin wetter. En net te ferjitten dat sterke spul tsjin de algen der yn dwaan. Sa sein, sa dien.
Ek noch mar twa pûdfol wetterpest der yn sette, en noch in potsje mei spul wêrtroch de planten better groeie woenen. Want hoe mear wetterpest, hoe skjinner de fiver. En werempel de wetterpest sloech oan en de fisken hienen de winter allegear oerlibbe. Soe dit dan nei twa jier de earste simmer wêze dat wy út ús bushokje wei genietsje kinne fan in fleurige fiver mei planten en fisken.
In pear wike ferlyn kaam ik der efter dat der in protte wetterpest yn siet, mar dat se allegear yn triedalgen wikkele wienen. Twa dagen ferlyn haw ik alle wetterpest mei triedalgen der wer úthelle en yn de biobak smiten. In kenner sei tsjin my: “Miskien hast de fiver op in ferkeard plak lein en komt der te folle sinne op”. Hy soe wolris gelyk ha kinne om’t ús âlde fiver mear yn’t skaat lei. Mei oare wurden de fiverbak der úthelje en blommen yn de bak dwaan.
As de ideale skoansoan nochris útnûgje om in bierke mei my te drinken. As wy dan in pear doppe ha, sil hy faaks ek noch wolris in gat foar in fiverbak foar my grave wolle
hfdp@kpnmail.nl