Freed 11 febrewaris 1966 wie it in kâlde dei sûnder sinne, mei in skiere loft en in heale graad ûnder nul. Wynkrêft twa, mei pûsters oant fjouwer en stienen The Beatles mei harren hit “We can work it out” op nûmer ien yn ’e Top 40. Fierders binne der dy dei gjin skokkende dingen bard en binne der ek gjin promininte minsken berne of stoarn.
11 febrewaris 1966 kamen jo moarns, as jo nei it wurk gienen, allinne noch mar mannen tsjin dy’t nei it wurk gienen. Men kaam doedestiids gjin minsken tsjin dy’t de hûn útlieten en kamen ek gjin heiten en memmen tsjin dy’t mei harren bern omtôgen, om dy nei pake en beppe of de BSO te bringen.
11 febrewaris 1966 koenen wy by ús op it doarp alle minsken noch yn ’e Fryske taal oansprekke en krigen ek wer in andert yn it Frysk.
Ik wenne noch by ús heit en mem op ’e Damslûs efter de Polderdyk, wie 17 jier en wurke by Rinze Dragstra op ’e Tynje.
11 febrewaris 1966 haw ik, om’t it freed wie, de jûns út it wurk wei steefêst efkes by it kafee fan Jan fan Metsje op’e Tynje oanstutsen. Ik hie myn lean bard, en dan koe it wer wat leie.
Ik sil tink ik sa tsjin sânen thús west ha, en haw letter op ’e jûn noch te kaarten west nei it kafee fan Froukje fan Hiske yn Terwispel.
Kaarte yn in lyts smûk kafee mei portretten fan Domela Nieuwenhuis en Multatuli oan’e muorre, dy’t jo troch de sigarettereak hinne skier oanseagen. As jongknaap kaarte mei mannen as Gerrit Roorda en Piter de Leeuw. Foarmannen fan de CPN en de PSP, folk dêr’t ik heech by opseach. Alve oere bin ik wer op hûs oangien om’t Froukje klokslach alve oere de taap slute.
11 febrewaris 1966 sieten yn Stiens by earne yn in efterkeamerke in tal minsken te praten om in fuot- en kuorbalferiening op te rjochtsjen. Hja fûnen it wichtich om foar minsken dy’t net op snein sporte woenen de gelegenheid te jaan om op sneon yn ferieningsferbân oan sport te dwaan.
It hat in lange sit west en it skynt dat op it ein fan ’e jûn, doe’t it keamerke blau stie fan ’e sigarettereak, der in toast útbrocht is, fanwege it ûntstien fan de “Christelijke Sportvereniging Leeuwarderadeel”. In feriening besteande út in ôfdieling fuotbal en in ôfdieling kuorbal. Fuotbalje koenen se neist de pikehokken fan Kalma en foar it kuorbaljen wie romte op it keatsfjild efter de kristlike skoalle fan Britsum. It begjin fan 60 jier kuorbal yn Britsum.
11 febrewaris 1966 hie ik, doe’t ik by Froukje fan Hiske yn Terwispel siet te kaarten, gjin flau benul fan wat dêr op itselde momint yn dat rikkerige efterkeammerke, 45 km hegerop, him yn Stiens ôfspile.
Ik wie noch sa frij as in fûgeltsje en hie der doe noch gjin flau benul fan hoe de wrâld der foar my oer 60 jier útsjen soe.
Ek net dat ik fjouwer jier letter op ien febrewaris 1970 oan it wurk gie by it lânboumeganisaasje-bedriuw fan de Fa Tacoma yn Stiens.
It wie yn’e simmer fan 1970 dat Jan van der Meulen, as arbeider fan Henk Anema, by ús yn’e wurkpleats kaam en ik mei him yn petear rekke. Ek oer CSL, in kuorbalklup dêr’t ik doe noch nea fan heard hie. Doe’t ik fertelde dat ik by LDO kuorballe, gie Jan hielendal los.
Al mei al is Jan wer fuortgien mei myn tasizzing dat as wy yn Stiens kamen te wenjen, wy by CSL kamen te kuorbaljen.
It tafal wol, dat Jan Olijnsma fan MNenW in pear dagen letter by ús yn’e wurkpleats kaam. Ek doe kaam it oer kuorbal te praat.
Undertusken wie ik de man wurden fan Geartsje en kamen wy yn novimber 1970 yn Stiens te wenjen en fan it seizoen 1971/72 ôf waarden Geartsje en ik lid fan Jan van der Meulen syn CSL. En bûten dat ik spiler waard, koe ik ek fuortdaliks wol trener wurde. CSL hat no 60 jier bestien en dêrfan hawwe wy 55 jier fan mei genietsje kinnen. Op it sportive flak hawwe wy it stokje trochjûn oan ien fan ús bernsbern. Dochs fiele wy ús noch altyd belutsen by it wel en wee fan CSL.
Mar wat ik my letter wolris ôffrege ha, hoe hie myn kuorbalkarriêre der útsjoen as Jan Olijnsma no ris in wike earder yn’e wurkpleats by de Fa. Tacoma kaam wie
hfdp@kpnmail.nl