gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Aeltsje jong

Hokker foto is dy it meast dierber?

Jimme kenne se wol: de teepûdsjes mei op it labeltsje in fraach. Fan ‘e wike krige ik de fraach fan it teepûdsje: hokker foto is dy it meast dierber?

Men moat dêr net te lang oer neitinke fansels. Want dan komme der al gau hûnderten foto’s foarby. Wy meitsje tsjintwurdich oeral foto’s fan, hawwe it fototastel by wize fan sprekken de hiele dei yn de hân. 

Dochs seach ik gelyk ien foto foar my: in foto dy’t 71 jier lyn makke is fan in famke, lyts en blond, rûn kopke, sittend yn de bernewein, mei in serieuze blik nei de fotograaf.

Dat famke, doe noch krekt gjin jier, mei in libben noch foar har. Se wit net dat der in foto fan har makke wurdt, dy’t letter sa dierber wurde sil. Der binne mear foto’s, mar wêrom dan krekt dizze foto? Is it de eachopslach, dy’t letter ek te sjen wie op foto’s fan har beppesizzer? Dy ûndersykjende blik? Is it de soargeleazens fan it jonge bern, har noch totaal net bewust fan de wrâld om har hinne mei al syn ellende en oarlogen? Gjin weet fan in wrâld fan haat, fan geweld, fan misbrûk. Feilich yn de bernewein, mei mem tichtby. 

Dat is it wat dy foto my jout tink ik, it witten dat it famke feilich is, feilich yn dat lytse doarp dêr yn it noarden fan Fryslân. Feilich by in heit en mem, dy’t fan har hâlde.

Ik ha de foto neist my lizzen. Op de tillefoan, fûn tusken de hûnderten foto’s dy’t dêr op steane. En ik helje it famke tichterby. Dat rûne kopke, mei de eagen, dy’t my rjocht oansjogge. Ik sjoch mysels oan, myn “ik” fan 71 jier lyn. Dat famke, wat noch altyd yn my sit, mar no safolle âlder en wizer. Hoi famke, dyn libben leit noch foar dy. Do hast der noch gjin weet fan. Mar it komt wol, dyn libben sil ferinne mei hichtepunten en djiptepunten. En ergens, djip yn my, dêr sisto noch altyd. Like feilich as 71 jier lyn.

Sa kin sa’n foto dierber wêze, omdat it jin ferbynt mei it ferline. It ferbynt my mei it hiele libben der tuskenyn. It makket ek wat mankelyk, om’t dy takomst fan doe al foarby is. Mar it jout ek wer hoop krekt foar de takomst. Dat famke sil bliuwe, dat is der noch altyd. 

Ien sa’n teepûdsje kin hiel wat teweech bringe, docht wol bliken. Want by it sykjen nei dizze foto, kamen der hiel wat jierren foarby. Ik moast seis jier werom scrolle om dizze foto te finen. En dan sjocht men hoefolle as der op sa’n tillefoan stiet. It hiele libben lûkt oan jin foarby. Beppesizzers, dy’t hieltyd jonger wurde, oant se as krektberne poppe op de foto steane. Reizen nei Roemenië en Oeganda. De bakkerij, dêr noch folop oan it wurk. Fansels Nico, oan it wurk, mei de pakesizzers, as grutske winner fan Maestro Stiens, strak yn it pak. Foto’s, fan fakânsjes, wykeintsjes fuort, foto’s fan in oar libben.

Ik besef it, as ik dy foto’s sjoch. Ik sit hjir no yn Nijesyl en ha krekt in spektakulêre sinsûndergong sjoen, sa út de hûs wei. En nee, ik ha der gjin foto fan makke. Ik ha der gewoan nei sjoen en it ervaren. Dy enorme reade, gloeiende bol dêr boppe de kimen en even letter dat djippe read, dat útwaaiere boppe dyselde kimen. De âlde wrâld is noch net fuort, mar der is in nije wrâld by kommen. Mei nije minsken, mei oare gewoantes. Soms fiel ik my hinne en wer skuord tusken doe en no, dêr en hjir. Mar dan betink ik, dat ik fan dat no genietsje moat en mei. Der komme noch safolle moaie dingen op myn paad. Gewoan genietsje, krekt sa as niis fan dy prachtige ûndergeande sinne.

In ûnferwachte moeting, sa as hjoed, mei immen dy’t ik 42 jier net sjoen hie. It ûnferwachte gesprek mei immen, dy’t myn ferhuzing sa ynspirearjend fûn, om’t se der sels sa tsjinoan skytskoarre. “Miskien moat ik it ek mar gewoan dwaan”, sei se.

Genietsje fan it bakje kofje dat ik elke moarn op bêd krij. Genietsje fan it fytstochtsje nei Sânfird en de Gaastmer, it Heidenskip, in hiele nije omjouwing foar my.

It famke sjocht my noch altyd oan. It komt wol goed mei ús, seit se tsjin my. Do en ik wurde tegearre âld. Wat der fierder ek feroaret, wy bliuwe altyd by elkoar 

Aeltsje de Groot