gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
heit op trekker bautz

Ik en de boeren

Fan myn sechstjinde oant krapoan ienensechstich jier ha ik wurke yn ’e lânboumeganisaasje. As jongfeint begûn by Dragstra op ’e Tynje, dêrnei by Waninge yn Terwispel en Fa.Tacoma yn Stiens. En as ôfsluter, de lêste trijentritich jier oan de VUT ta by Banga BV, ek yn Stiens. Begjin febrewaris 1965 kaam ik by Dragstra op ’e Tynje oan it wurk.

It wie yn dy tiid dat der nochal wat lytsere boeren de omskeakeling makken fan hynder nei trekker. De measte brûkte trekkers dy’t wy doe ferkochten, wienen sa’n fjirtjin oant tweintich pk. Net swierder, want dan waard it lân fernield. In hydraulyske hef wie ek net nedich, want men hie doedestiids ek neat wat men der yn hingje koe. Foar de boer wie de fingerbalke it wichtichste. Dat wie faak de foarútgong. Fierders wie de trekker de ferfanger fan it hynder, mei dit ferskil dat sa’n trekker nochal wat mear út de wei sette koe. Yn it begjin waard itselde ark efter de trekker bûn dêr’t earst it hynder  foar rûn hie. Sels de âlde Nicholson en Germain heaharken waarden krekt as de Eureka en Prins hynsteskodder efter de trekker bûn. Dêrom moast oan elk stikje ark ek in each laske wurde. Mar de heak, dêr’t it hynder oan luts, moast ek sitten bliuwe, want jo wisten mar nea. As de boer syn earste trekker kocht, waard der by yn betinge dat immen fan ús de opdracht krige om de boer de omskeakeling fan it hynder nei de trekker by te bringen. 

Lit no ien fan dy boeren ús heit wêze. Us heit skeakele yn de simmer fan 1965 oer fan hynder nei trekker. Hy wie doe 59 en woe it wol wat nofliker ha. Hy wie grutsk op syn Bautz AP18 mei in 18 pk MWM motor ûnder de motorkap. En ik krige de opdracht om ús heit it koppeljen, skeakeljen, gas jaan en foaral it remjen by te bringen, om’t hy gelyk as de measte âldere boeren gjin auto hie. By harren moast  útlein wurde dat “fuort” betsjutte dat se op it gaspedaal drukke moasten, en dat “ho” betsjutte dat men remje moast. Us heit efter it stjoer en ik op it spatboerd mei in leuninkje yn ’e rêch. Fier fan de sleat ôf en beide it swit yn’e hannen. Op it ein fan de treningsmoarn as middei waard de nije oanwinst op syn stânplak riden en wie it oan de boer om him der fierder mei te rêden. Soms slagge dat, mar soms ek net. En it hynder dan, sille jo tinke. It hynder bleau krekt salang as dat de boer it trekkerriden ûnder de knibbel hie. Dan pas gie it hynder de doar út. Dêrom is by sommige âldere boeren it hynder ek nea fan ’e pleats ôfkaam. By ús thús is it hynder al rillegau fuortgien. Us heit koe him wol aardich rêde mei syn trekker, hoewol hy al ris de skuorredoarren út de skarnieren riden hat om’t de Bautz net reagearde op ús heit syn “Ho”. Spitigernoch hat ús heit mar in pear jier genietsje kinnen fan syn Bautz AP18 om’t syn sûnens it net taliet om fierder te buorkjen. Al mei al haw ik doe in moaie tiid hân mei de meastentiids lytse boeren en in protte opstutsen foar’t ik yn 1970 nei de klaai emigrearre. Ek yn de pear jier by de smid yn Terwispel haw ik leard om fan alles oan te pakken. Ik wit noch dat ik in kear nei in boer moast, om’t dy maleur hie mei de skúf fan it jarretankje. Sa’n jarretankje dat op in platte wein lei en wêr’t dyjinge dy’t it hynder mende mei in lange stange de skúf iepen en ticht dwaan koe. Uteinliks mar in lyts putsje, mar de hannen kamen wol ûnder de stront te sitten. Doe’t ik dêrmei klear wie sei de boer: “No gean we earst yn’e hûs om kofje”. Yn ’t bûthús stie in amerfol wetter en in pot griene sjippe. “Kinst hjir de hannen wol yn waskje” sei hy. En nei’t ik myn stronthannen skjin hie, spielde hy syn grutte hannen ek skjin yn ’e selde amer.  En foar ik it hûs yngie, seach ik oer it skouder noch krekt dat hy syn gebit út ’e mûle helle en dat ek noch efkes troch itselde wetter hin en wer slingere, sadat dat ek wer sûkerskjin wie 

hfdp@kpnmail.nl