gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Hendrik Liemburg

Indoor Friesland

Lyk as de lêste jierren gewoanlik is ha wy no ek wer nei Indoor Friesland west. Mei syn fjouweren, ús dochter, Geartsje, Geartsje har broer en iksels.

Foarhinne gienen wy hieltyd nei de Fryske jûn op freed. Mar op sa’n jûn is it alle kearen itselde. Ien hynder foar de sjees, twa hynders foar de sjees, in frou mei ien hynder foar de sjees, ien hynder foar de karre, twa hynders foar de karre en gean samar troch. Yn’t koart kaam it der hjir op del dat we hast alle kearen deselde minsken en ek meardere kearen deselde hynders seagen. Wat wol wer moai wie dat we meardere kearen it Frysk folksliet sjonge koenen. 

No is der foar my as leek neat moaier dan in Frysk hynder, mar dizze kear hawwe wy keazen foar in jûn mei allinne mar springen oer hindernissen fan maksimum 1,5 meter heech. By it ynkommen foel it my fuortdaliks al op dat der gâns minder folk wie as op de Fryske jûn. Ek oar folk. Folk dat ferstân fan de springerij hie, teminsten mear as dat ik it ha. Ik moat it hawwe fan televyzjebylden fan ien as oare jumping earne wei. 

Om’t wy wat oan de betide kant wienen, koenen wy moai sjen hoe’t sa’n parkoers opbouwd waard. Alles waard delsetten sa as de parkoersbouwer it ha woe. It mjitlint kaam der ferskate kearen oan te pas. No moat ik sizze dat se it der goed mei dienen troch saakkundigen útlis te jaan hoe’t soks yn syn wurk giet. 

Doe’t hja mei de útlis klear wienen, kaam der in kloft ruters en amazônes it fjild oprinnen dy’t fan hindernis nei hindernis rûnen. Neffens de saakkundige wie dat om de ôfstân tusken de oksers, trijesprongen en stylsprongen te mjitten. Alle ruters en amazônes yn in sniewite broek mei in donker jaske. Jong en âld trochmekoar. De iene noch grutter stappen meitsje dan de oare. De saakkundige fertelde dat it te meitsjen hie hoefolle galopsprongen it hynder tusken de hindernissen meitsje moast. Tagelyk rûn de parkoersbouwer mei in mjitrol de hindernissen bylâns om de juste lingte op te mjitten om de tiidlimyt te bepalen. 

Doe gienen alle 44 ruters en amazônes de arena wer út om harren hynder de ôfstannen tusken de hindernissen yn it ear te flústerjen sadat it hynder, him as har net fersinne koe. Doe de útlis foarby wie, koe it springen begjinne en kamen al gau de earste aahs en oohs fan de tribune. Ik moat tajaan dat ik it in wûnder fûn dat se alle kearen oer de goeie hindernis sprongen. Der stienen wol sifers by, mar in ferkearsboerd kin men ek oer de kop sjen. It kin wêze dat de ruter as amazône de kop der goed by hat, as hawwe se miskien dat ek yn it ear fan it hynder flústere.

Wat my ek opfoel wie dat de hynders fan dy oerdreaune nammen hienen. Sa ried de winner op VDL Mindset ES. Der siet gjin Jan as Wietske tusken, lit stean in Hindrik as Geartsje. It wie miskien foar my as net saakkundige in lange sit en ik wie bliid dat fan de 44 mar 10 yn de saneamde barrage telâne kamen. It sille mar tritich wêze! 

Hoewol ik de barrage it moaiste fûn fan de hiele jûn. Ik soe sizze draai it om. Earst de barrage en dan de bêste 15 springe litte oer it hiele parkoer. Dan wurdt it twa kear in barrage. Healwei alven binne wy wer op hûs taset. Underweis ha wy it der nochris oer hân. It wie moai en troch de tekst en útlis ek begrypliker, mar takommend jier sil it dochs wol wer de Fryske jûn wurde. Dan mar allegear karkes en sjezen. Is dochs moaier dan oksers, trijesprongen en stylsprongen.

Dy nacht haw ik dreamd dat ik in ruter wie lyk as de winner Hessel Hoekstra. It hie kinnen, om’t ik de kâns hân ha en ien kear op in hynder sûnder namme sitten ha. It wie foar ús it hynder, in bovenlander. Ik dreamde dat ik meidie en krektlyk as Hessel alle balkjes lizze liet en yn de barage in tiid sette dêr’t elkenien him op stikken biet. 

En dat op it ein fan de jûn roppen waard:“En de winner is Henkie fan de Polderdyk mei it hynder de Bovenlander fan de Damslûs”. 

Doe bin ik skynber fan it hynder fallen want ik wie yn ien kear klear wekker.

hfdp@kpnmail.nl

damsluis henkie op it hynder