( in simmers ferhaaltsje út “Koarte ferhalen” ) Wy hienen Amelân al foar it grutste part besjoen, mar hienen noch net op ’t Oerd west. ’t Oerd is it diel fan it eilân dat oan ’e kant fan Skiermûntseach leit. In grut natuergebiet fan ’t Fryske Gea. As jo op it útsjochplak steane dan kinne jo it hiele gebiet oersjen. By skjinne loft sjogge jo Skiermûntseach en it fêstelân ek dúdlik lizzen. Sjogge jo de Noardsee kant op dan falt it each op in boartoer yn ’e see, krekt bûten it eilân. Dat hat neat mei de natuer út te stean, allinne mar mei jild.
It wie in prachtige neisimmerdei, dy’t wy útsocht hienen om in besite oan ’t Oerd te bringen. It sintsje skynde en de wyn, foar safier men fan wyn prate koe, kaam út ’e goeie hoeke. Ut ’e goeie hoeke wol yn dit gefal sizze dat as wy fan ’t Oerd werom kamen, wy de wyn yn ’e rêch hienen. Healwei ’t Oerd ha we in skoftsje op in bankje sitten en ha we genietsje kinnen fan in moai stikje natuer. En dat net allinne, jo kinne der ek hiele moaie plaatsjes meitsje.
Op it útsjochplak op ’t Oerd, it ien nei heechste dún fan’t Amelân, kaam ik oan ’e praat mei in pear minsken fan oer de ôfslútdyk, Hollanners dus. Alles grutter en alles better. De man fertelde dat se in pear dagen yn in hotel sieten. Hja hienen it tige nei’t sin, alhoewol se mar in lyts keamerke hienen. Der stie in bêd yn, in taffeltsje en mar ien stoel. Lokkich hienen se de laptop by harren, dan koenen se jûns noch in filmke sjen wylst hja op bêd sieten. Doe’t ik de man frege as it ek in ienpersoans keamer wie, andere hy fan net, mar dat de breedte fan’t bêd harren wol wat tsjinfoel. Ik hie myn twivels, want it like my wol in pear fan dat folk dat net foar tolven skiet.
Wylst ik mei myn kamera dwaande wie om de grutte lins der foar te setten die de man syn ferhaal dat hy mei syn tillefoan ek moaie foto’s meitsje koe. Yn ’t koart kaam it hjir op del dat hy mei syn tillefoan skerpere foto’s meitsje koe as ik mei myn kamera. Dat net allinne, hy koe der ek noch filmkes mei meitsje, wat ik wer net koe. De man brûkte hjirby djoere wurden sa as allinne minsken út it westen dy brûke kinne.
De frou dat by him hearde, stimde oeral yn mei. Hja sei dat se mei harren tillefoan in spintsje op ’e foto setten hie, dy ‘t sa skerp wie, dat doe’t se him grutter makken se de hierkes by it spintsje op ’e fuotten telle koenen. Ik bin der fierders net op yn gongen en ha, wylst hja wer op ’e fyts ôfsetten, noch in stikmannich foto’s makke. Skerpe foto’s.
In skoftsje letter binne wy ek op ’e fyts stapt en oer it skulpepaadsje rjochting strân fytst. Doe’t wy, by it strân, tsjin it dún oprûnen hearden wy in frommes ôfgryslik âljen. Hjir moast wol wat oan ’e hân wêze. Boppe op it dún oankommen, kaam ik der efter wat der geande wie. Want ik seach itselde frommes, dêr’t ik op it Oerd mei praten hie, spierlike neaken yn ’e see omfleanen. Hja wie dan wer boppe en dan wer heal ûnder wetter, hja kraaide it út. Oan it geraas te hearen koe ik der út opmeitsje dat se in protte wille hie. De man stie der by mei syn bysûndere tillefoan yn ’e hân om, tink ik, in filmke en wat foto’s te meitsjen. Dat sille se de jûns, wylst se tegearre op it smelle bêd sieten, wol op ’e laptop fertoand ha.
Ik trof it dat ik myn kamera, mei de grutte lins, noch om ’e nekke hingjen hie. Sadwaande koe ik noch gau in pear foto’s meitsje, want sokke taferelen meitsje jo net faak mei, en dan foaral yn oktober net. Doe’t ik thúskaam ha ik de foto’s besjoen en ik moat sizze: se wienen frij skerp. Foaral dy foto dêr’t sy út it wetter wei, nei it strân rint. Dy wie sa skerp dat, doe’t ik him fergrutte hie, ik de hierkes fan har spintsje telle koe.
hfdp@kpnmail.nl