gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Feest Wânswert 2026

Jierliks feest wer los yn Wânswert

Nije wike stiet Wânswert wer yn it teken fan it jierlikse feest. Fan 5 oant en mei 8 augustus organisearret de feestkommisje in fjouwer dagen duorjend programma mei aktiviteiten foar jong en âld, sportiviteit, muzyk en doarpsgesellichheid.

De feestdagen wurde op woansdei 5 augustus ôftrape mei de tradisjonele Domme Jûn. By in hapke en in drankje wurdt op humoristyske wize bepaald wa’t him of har in jier lang de ‘Domste Wânswerter’ neame mei. De jûn is troch de jierren hinne útgroeid ta in fêst ûnderdiel fan it doarpsfeest.

Op tongersdei 6 augustus stiet it programma yn it teken fan in pylkjesmyttoernoai yn keppeltsjes en in klaverjasjûn yn de feesttinte. Sawol begjinnende as betûfte darters binne wolkom om mei te dwaan. De klaverjassers spylje neffens de Amsterdamske regels.

It tradisjonele toulûken is op freed 7 augustus werom op it programma. Teams besteane út manlju en froulju en stride om de ear. Nei ôfrin soarget de coverband BAMM BAMM foar in feestlike jûn yn de tinte.

De feestdagen wurde op sneon-temiddei 8 augustus begûn mei spultsjes foar jong én âld. Jûns fersoarget de bekende EMPIRE Coverband de muzikale ôfsluting fan it doarpsfeest.

Ek dit jier is de sweefmûne wer oanwêzich. Op freed en sneon kin dêr fergees gebrûk fan makke wurde.

De feestkommisje ropt ynwen-ners fan Wânswert en omkriten op om tidens de feestdagen de doarpsflagge út te hingjen en strjitten en huzen feestlik te fersieren. Fierdere ynformaasje is te fynen op ús Facebook en Instagram-pagina.

Doarpsfeest Wânswert 2026 wurdt wer mei mooglik makke troch mear as 50 lokale sponsoren, subydzjes en in grut oantal frijwilligers, tige tank yn it foar en oant sjen op ’t Feest fan Wânswert