gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Hendrik Liemburg

Kollum: Fakânsje 2026

Ek dit jier hienen wy ús fakânsje wer fêstlein op kamping de Tjasker yn Wikel. Nei dat wy ús by de poarte oanmeld hienen, troch op in beltsje te drukken, hienen wy ús wer foar trije wike delplante op plakje fiif. Om ús hinne kamen wy ek wer betroude gesichten tsjin, lyk as “oma” Janny út de Ylp. Hja stie wer op plakje ien en hie ús al fan fierwei oankommen sjoen.

Janny heart sa njonkelytsen al by de ynventaris en stiet op in gaadlik plakje dêr’t sy it ynkommende en útgeande ferkear yn’e gaten hâlde kin. Men kin wol sizze dat sy de ferdekt opstelde ferpleatsbere befeiligingskamera fan de kamping is, mar dan net oansluten op it digitale net. Janny is ek de opfangpost fan it kamping personeel, dy’t sân dagen yn’e wike by har it wykein fiere. Op plakje twa stie no ek wer Tjitske, in frou allinne, mei Fryske roots. Foarich jier hie sy al problemen mei har toiletamer. Der kamen skuorren yn’e râne wêrtroch it net sa noflik mear oanfielde. Dêrom hie sy foar har fakânsje noch in healsliten porta-potti op’e kop tikke, mar dy liet it al frij gau ôf witte troch gjin wetter mear op te pompen om de saak troch te spielen. Iksels haw noch mei myn folle ferstân dwaande west om it lek boppe wetter te krijen. It is  my net slagge, wêrtroch Tjitske besluten hat om mar in nije porta-potti oan te skaffen, om’t sy ek net werom woe nei har âlde amer. Troch de nijmoadrige wize fan besoargjen stie de oare deis in nije porta-potti by Tjitske foar de karavan en haw ik de ear hân om dizze nije porta-potti te iepenjen. Yme, de kampingevangelist, hat him ynsegene mei in tekst oer it wetter fan de wolbekende rivier de Jordaan. Hy slute ôf mei de wize wurden: “Dat er noch in protte wetter út it kanaal wei de boezem yn streame mei”. En nei dat ik it lintsje trochknipt hie en de porta-potti út’e doaze helle wie, hat Tjitske letter de earste yndruk efterlitten op har nijmoadrige toiletamer. De foto’s hjirfan binne net frij jûn.    

Op plakje trije lieten de hokkieman en syn frou ek dit jier ferstek gean. It hat bliken dien dat sy troch syn fal fan foarich jier, it kampearjen farwel sizze moasten. No stie der folk út it westen. Yme en Gepke út Frentsjer stienen ek dit jier wer mei harren grut útfallen karavan op plakje fjouwer. Minsken dy’t altyd warber binne en gjin sit yn’e kont hawwe. Rommelmerken, braderyen en omrinwinkels binne harren favorite plakken om te strunen. Ien kear yn de wike helje sy boadskippen. Dan wurdt der ek fuortdaliks safolle ynslein, dat de fakkenvullers by Plus yn Balk fuortdaliks wer yn aksje komme moatte. Wy stienen op plakje fiif en plakje seis wiksele noch wolris fan kampearders. Doe’t wy kamen stienen der Kris en Tine, twa Belgen mei in artistike eftergrûn. Hy hat dwaande west om ien fan myn Fryske boeken te lêzen. Ik hie him der in read wurdboekje by dien om de muoilike wurden op te sykjen. Doe’t sy fuortgienen brocht hy de boekjes werom en sei dat hy mear yn it reade boekje lêzen hie dan yn myn “bestseller”. 

Nei harren stie der in spantsje út de omkriten fan Den Haag en doe’t wy fuortgienen stienen der minsken út Aldehaske. Hja wennen om’e hoeke en koenen as it nedich wie thús wol nei it húske gean. Op plakje sân stie in karavan mei minsken fan middelbere leeftiid. Sy rekke mar net útpraat oer de kikkerts neist de kamping yn’e sleat, dêr’t it mantsje him by de frou op’e rêch mei lifte liet en tagelyk de leafde bedriuwde. Wat der presiis bard is wit ik net, mar ik seach harren tegearre op in moarn betiid mei it einekroas yn’t hier nei de brûs rinnen. It waarden foar ús wer trije moaie wiken en foar takommend jier wurd it gjin fiif, mar plakje seis. Kinne we ek in jierlang útfiskje hoe âld as Noach wurden is. Op’e kamping binne wy der net útkaam, want neffens de roomske man út Den Haag wie dat 350 jier. Neffens Gepke, in saakkundige, 950 jier en neffens internet 650 jier. Iksels hâld it der mar op dat der oeral in nul tefolle efter stiet. Wy sille ôfwachtsje!  

hfdp@kpnmail.nl

HvdP fakansje 2026