gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Hendrik Liemburg

Miggen

It wie in man fan om-ende-by de fiifensechstich. Kin in pear jier mis wêze, om’t de leeftyd min te skatten wie, ek al om’t de man wat in krupsje hie. As hy wat fierder rinne moast dan fan ’e karavan nei de fyts, dan makke hy gebrûk fan in stok. Hja hienen harren karavan skean tsjinoer dy fan ús delsetten op in kamping yn Bakkefean. By it losmeitsjen en delsetten fan ’e karavan krije jo faak al in yndruk hoe’t de minsken wêze kinne.

Alle eagen

Men sjocht it op in kamping wol faker, dat de minsken dy’t al teplak stean elke beweging fan de nije gast yn ’t each hâlde. Mei oare wurden is it sa, dat as jo dwaande binne om it spul op te setten alle eagen op jo rjochte binne. Somtiden sjogge jo minsken skodholjen as jo by it opsetten fan ’e foartinte in stok falle litte. Soms sjocht men se tinken, oer wêr’t dat folk weikomme soe. By ús hawwe se dat samar troch, om’t wy by it beheljen fan it heechste punt, it Fryske flachje yn top sette. Dizze kear wienen wy de minsken, dy’t foar de karavan oan in kopke kofje sieten en seagen hoe’t de minsken skean tsjinoer ús, harren spul teplak setten. De ferrassing wie dat der net in gewoane tinte as luif foar kaam te stean mar in los sinneskerm. In  sinneskerm, besteande út twa lange en twa koarte stokken mei in fjouwerkant wyt kleed der oerhinne. Alles fêstset mei touwen en grûnankers. En om it noch treffender te meitsjen waarden der in fjouwerkant houten taffeltsje en twa houten stuoltsjes ûnder set. It stiennen teepotsje en de twa reaukes makken in tafereel as wienen jo op safary yn Afrika.


Livingstone

It foel ek op dat de man in kaki- kleurige broek en oerstrûper oan hie. It hie ek wol wat, want doe’t de man yn fol ornaat mei in tropehelm op syn holle út ’e karavan weikaam en op ien fan ’e houten stuoltsjes ûnder syn ôfdakje sitten gie, wie it krekt as siet Livingstone dêr, dy’t efkes ta himsels komme moast nei’t hy de ferneamde wetterfallen ûntdutsen hie. En om’t wy op dat stuit tropyske temperatueren hienen, waard it sels ûnder dit sinneskerm te waarm en waard it swit mei in wite bûsdoek fan ’e holle fage. Orizjineler koe hast net. Op’e middei seach ik dat de man in flinternetsje en syn kuierstok efter op syn fyts knope. Tsjin de jûn is de man yn syn folle trope- útrissing en mei in folle rêchsek oer de skouders op syn elektryske fyts ôfset, as gie hy op safary. It like wol dat hy foar langere tiid fuortgie om’t syn frou him útswaaide oant hy foar har út it sicht wie. 

Letter op ’e jûn prate ik mei syn frou. Ik sei dat wy sjoen hienen dat har man yn fol ornaat en swier bepakt ôfset wie. Sy fertelde dat har man as hobby stúdzje makke fan miggen en spinnen. En dat net allinne, hy wie nijsgjirrich nei alles wat der yn de ynsektewrâld omgie. Mei in djoer wurd wie de man “entomoloog”. Hja sieten no it hiele wykein efter de miggen en de langpoaten oan. 

Skiepeskuorre

Doe’t ik frege wêr’t har man dan wol net hinne moast, andere se: “twahûndert meter fierderop, by de skieppeskuorre. Se strune mei in oantal minsken oerdeis, jûns en ek wol moarns betiid oer it Mandefjild fan Bakkefean”. Har man sil no in hiele nacht op ’e heide omstrune om elke fjouwerkante meter út te plúzjen om mar safolle mooglik bisten te observearjen. Want sommige miggen binne deis warber en der binne ek soarten die komme pas op ’e lappen as it tsjuster wurdt. Dat binne deselde miggen dy’t sa gau as jo de lampe op ’e sliepkeamer útdogge ferskriklik ferfelend wêze kinne en jo yn ’e nacht op bêd fierhinne lek stekke kinne. It flinternetsje waard, fertelde sy, brûkt om de bisten te fangen en dan waard der in stúdzje fan makke. It soe foar harren fan grutte betsjutting wêze, as sy in soart mich te pakken krije koenen dêr’t sy noch net fan wisten oft dy wol bestean soe. Dan koe sa’n wykein hielendal net mear stikken. 

Spjelde

Ik frege har, oft sa’n mich dan, sa’t ik wolris op ’e televyzje sjoen ha,  in spjelde krekt efter de kop troch de bealch stutsen waard en dêrnei op in stik pypskom bewarre waard. Hja fertelde dat soks noch mar inkeldris foarkaam. De miggen dy’t soks oerkomme, wurde wol earst fergast foar’t sy oan ’e spjelde komme. Hja sei der fierders ek net safolle oer, want as jo soks oan ’e grutte klok hingje, kin it samar wêze dat jo de partij fan ’e bisten op ’e nekke krije. Hjoed-de-dei wurde, nei’t se fongen binne, foto’s fan de bistjes makke en dan wer loslitten. 

As no deselde stekmig, dy’t se dan loslitten ha, noch deselde nacht in besite bringe soe oan ús karavan, dan is der nei alle gedachten de oare moarns net folle mear fan oer, dan in bloedstreep tsjin de souder. Sokke miggen weevje wy fuortendaliks mei ôf. Hja komme, sa gau as se de kop opstekke, binnen de koartst mooglike tiid telâne ûnder in miggeklapper, skûldoek, as krante. Gjin partij fan ’e bisten dy’t dat foarkomme kin.

 hfdp@kpnmail.nl