gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Aeltsje 2024.jpg

Soms moat der wat gebeure...

Soms moat der wat gebeure foardat der wat gebeurt. In útspraak fan Johan Cruijff, dy’t oanhelle waard yn in kollum fan Hendrik Atze van Doezum yn de Ljouwerter Krante. Ik waard der fuort troch rekke. Myn kollum giet in hiele oare kant op as dy fan Van Doezum. Mar de wurden fan Cruijff bleaune hingjen.

It liket sa simpel, dy wurden. Mar ik wit no, hoe wier as dizze wurden binne, ik ha it de lêste wiken sels ervare kinnen.

Ik hie it libben aardich op de rit, miende ik. Op de rit be-tsjut dus: drok, drok, drok. Wiken achter elkoar sûnderdat ik ek mar ien dei ris even lekker thúsbliuwe koe. Sporte, fergaderje, frijwilligerswurk, oppasse, der is altyd wol wat te dwaan. En dat sit ek wol wat yn myn aard, teminste, dat prate ik mysels oan. Thús sitte, neat foar my.

It drokke libbentsje begong trije moanne lyn al wat te fer-oarjen, doe’t ik in man trof, dêr’t it mei klikte. Hiel bot mei klikte. Ik siet der hielendal net op te wachtsjen mei myn drokke sosjale libben, mar der binne saken, dy’t gewoan gebeure. No ja, dan is dat sa, en ik wie der ek wol tige bliid mei. Spannend, dat wol. Mar it fielde goed, it fielt goed. 

 


Allinne: dat drokke libben fan my, hoe moast ik dat no ynpasse? Earst dochs mar wat tuike tuike oan, sjen hoe as de dingen rinne. Ek net te hurd fan stapel rinne fansels, wy binne âld en wiis genôch, dochs? Beide lang mei in partner libbe, dy beide yn deselde wike ferlern, en no nei trije jier in nije start mei syn twaën. Hoe bisûnder kin it libben wêze.

Nei in pear moanne wie der in bepaald ritme ûntstien, soms beide yn ús eigen, dan wer tegearre. Dat tegearre fielde wol hiel goed. Mar ja, hoe, wêr, wannear?

Dan gebeurt der soms wat wêrtroch alles yn in oar deiljocht komt te stean.

Rients, myn freon, krige in disseksje yn de aorta, dat is, simpel sein, in skuor yn de binnenkant, de binnenbân. Fan boppen oant ûnderen. It gefolch is temin suerstof nei de organen, dus grutte kâns op beskadiging of noch minder. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: mei gillende sirenes nei Grins, fiif oeren op de operaasjetafel, net wittende hoe as hy der út komme soe.

It is wûnderbaarlik beteard, allinne ien nier beskadige, mar noch net útskeakele. En in senuw yn de skonk, dy’t of rekke is mei de operaasje, of al earder in opdonder hân hat. Lestich, mar dat skynt hielendal wer goed te kommen.

It set alles op de kop. De earste dagen op de IC wiene spannend, dêrnei kaam der hiel stadich wer wat libben yn. En nei twa wike wie it: nei hûs. 

Twa wiken yn it teken fan nei Grins ta elke dei. En dêrnei: mantelsoarger foar Rients, dus dei en nacht by elkoar. Yn syn hûs, yn Nijesyl, oare kant Drylst. Neat gjin geflean mear oeral hinne, mar gewoan thús. En ik hie it nea tocht: mar it went hiel hurd. En de dagen duorje hielendal net lang, mar binne sa om. No is it fansels ek net sa, dat ik neat te dwaan ha. En ik moat wolris even fuort, om te preekjen, of foar in fergadering. En ek no sit ik thús yn myn eigen keuken, om’t ik der noch in wykein op útgean nei Skylge. Al lang regele en ôfpraat, en it moast trochgean, fûn elkenien. Dus ek dat kin dan wer. 

Ik ha ûnderfûn, dat alles ek wol trochgiet, as ik der even net by bin. En dat jout in rêstich gefoel. Ik hoech net oeral by te wêzen, en soms kinne de saken ek wol gewoan regele op de laptop by de keukenstafel.

Wy hiene in relaasje fan sa’n tsien wiken, doe’t it gebeurde, en de wiken dêrnei kaam alles yn in streamfersnelling, sadat it no liket as binne wy al tsien jier by elkoar.

Twa minsken by elkoar, dy’t allebeide troch it libben draafden, fol aksje en dingen dy’t “moatte”.

En no twa minsken, dy’t ervare hoe as it is om gewoan by elkoar te wêzen. Sûnder drokke agenda’s, sûnder al de ferplichtingen. Ik hie it nea betinke kinnen, mar it befalt my wol. 

Hoe as it no fierder giet? Ik leau net yn tafal. Dingen gebeure mei in reden. Al hie it wol in toskje minder mochten...

Soms moat der wat gebeure, foardat der wat gebeurt...Ik hâld jimme op de hichte 

Aeltsje de Groot