gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
hvdp leeuwarden cambuur.jpg

Werom yn 'e tiid

“As men op ús leeftiid begjint op te romjen rint it tsjin it ein oan”, warskôge in skriuwer ris yn ien fan syn kollums. Fan dêr dat ik it oars doch en sjoch wat wy allegear noch op de fliering lizzen ha. Gewoan nijsgjirrigens om nochris troch de âlde dingen fan eartiids te sneupen.

Faak binne it dingen dêr’t ik ek noch in ferhaal oan fêstknoopje kin. Sa kaam ik yn in doaze mei boeken in map tsjin mei fuotbalfoto’s. Fuotbalfoto’s fan klups út’e de earste divyzje A en B fan it seizoen 1958/1959. Ik heucht my noch dat ik de foto’s fan omke Kees krigen ha. Omke Kees wenne yn Noard Hollân en kaam in pear kear yn it jier mei syn húshâlding de ôfslútdyk oer om in wike, as wykein, by ús útfanhûs te kommen. By ús op’e Damslûs wie romte by’t soad en slieperij wie der samar te regeljen. Omke Kees en muoike Jantje hienen in grutte auto, dy’t ek omraak sûpe koe. En om’t omke by Esso de tank geregeld folrinne liet, koe hy ek sparje foar fuotbalfoto’s. En dy foto’s haw ik fan omke krigen. Ik haw se doedestiids yn in map plakt. Net sa tûk fan my, om’t ik se der mei lym yn plakt ha en der net by stilstien ha dat der ek noch ynformaasje op de efterkant stiet. 29 foto’s út 1959 fan klups dy’t foar in grut part net mear bestean as profklup, as in gearfetting oangien binne mei in oare feriening.  No is tafallich ien fan de foto’s de betelle seleksje fan de feriening “Leeuwarden”, de foarrinner fan it hjoeddeiske Cambuur, doe spyljend yn de earste divyzje A. In foto wêrfan ik tafallich wol in grut part fan de efterkant sjen kin.

In kreaze foto mei oefenmaster Piet J Dubbeldam lofts boppe. Mei as tredde fan lofts boppe André Roosenburg, dy’t neffens wat der efterop stiet 9 x it Oranje helle hat. De betelle seleksje hat skynber noch net grut west om’t rjochtsûnder Jitze de Groot as ienichste reserve naam wurd. As de kieper útfoel moast Jitze, tink ik, ek opdraven komme. Fierder gjin poespas der omhinne. Ek allinne mar Nederlânske as Fryske foarnammen. 

Wikselspilers die men doe net oan. Dûbele besetting hie men noch nea fan heard. De fersoarging sil doedestiids wol bestien hawwe út in topke wetter mei in spûns en waskmofke. Spilers mei in dûbel paspoart bestienen doe ek noch net. En dochs spile men yn dy tiid ek foar tûzenen minsken, om’t men in kapasiteit hie fan 16000 plakken! Doch wie it seizoen 1958/59 ien fan de bêste kompetysjes fan Leeuwarden. Hja einigen as twadde efter Volendam en André Roosenburg wie topscorer mei 31 goals.

As ik de teamfoto fan Cambuur hjoed de dei besjoch stean der 35 minsken op, wêrfan alve it fjild op komme om te spyljen en trettjin meie mar hoopje dat se in pear minuten efter in bal oan rinne meie. Nammen as Jan, Piet en Klaas is in seldsumheid. En hoe’t eartiids by Leeuwarden ien oefenmaster de saak regele, en miskien ek wol it behear hie oer in topke wetter mei de spûns en waskmofke, is no in staf fan alve minsken nedich om it saakje spylje te litten. En dat foar like folle minsken as yn de tiid fan Leeuwarden! Mar ja, tiden hawwe tiden en it soe my neat ferwûnderje dat Cambuur wer in stap makket nei de earedivyzje, wat harren yn it seizoen 1958/59 krekt net slagge is. Dan komme se wer tsjinoer it Hearrenfean te stean. En wie der by omke syn foto’s net in foto by fan it Hearrenfean, dy’t in klasse leger spile? Nee, want it soe kinne dat omke Kees in goedkeaper tankstasjon fûn hat wêrtroch hy nochal wat besparje koe op syn grute benzine slurpende auto en dêrtroch net mear foto’s sparje koe. As se binne as twadde divyzje klup net op’e foto kaam. Dat sil omke Kees wol spitich fûn ha, om’t hy in grut fan fan’t Hearrenfean wie. Foar omke Kees wie dat om’t hy Abe noch fuotbaljen sjoen hie. Iksels bin Feanfan om’t ik eartiids op it skoalplein yn Terwispel wol mei de frou fan de âld foarsitter boarte ha! 

hfdp@kpnmail.nl

Hendrik Liemburg.jpg