Algemeen

Column Aeltsje de Groot: Dreame

Hjoed mocht ik foargean yn de Meniste tsjerke fan Damwâld. No sil ik it dêr fierder net oer ha, dat kin wol op oare plakken. Mar ien fan de bibelgedielten, dy’t ik lies gong oer Jakob. Jakob, dy’t dreamde dat der in ljedder op ierde stie, dy’t oant yn de himel rikte.

It “tafal” woe, dat ik in pear wike lyn ek oan dit ferhaal tinke moast. Doe’t ik noch net wist, dat dit foar hjoed op it lêsroaster fan de tsjerke stean soe.

Ik kin net altyd like goed yn sliep komme. Jimme kinne dat wol: mealle oer allerhande saken, dy’t der net iens wat ta dogge. Of dingen, wert men op dat stuit neat oan dwaan kin. Mar om dy út de holle te krijen…. in bakje tee en even lêze wol dan meastal wol helpe.

Doe’t ik wer sa’n nacht hie, moast ik ynienen tinke oan de tiid dat ik in lyts famke wie. Mear as 60 jier lyn dus. Ik koe dan op bêd hiele ferhalen fantasearje. Ik wie dan “prinses Amena”. Freegje my net hoe as ik oan dy namme kaam, ik leau dat ik in boekje lêzen hie dat oer “Amena” gong. Fansels wie ik in prinsès yn myn dreamen, en dy makke de moaiste dingen mei.

En no kom ik wer by dy ljedder, want ien fan dy dreamen fan doe koe ik my noch hiel goed betinke. Krekt, it gong oer dy lange ljedder, dy’t Jakob yn syn dream seach. Dy ljedder oant yn de himel.

It ferhaal sil wol ferteld wêze op sneinsskoalle, en wês no earlik: it sprekt ek wol oan. It is net in abstrakt ferhaal. Nee, in bern wit ek wol wat in ljedder is, en fansels kin dy rikke oant yn de himel!

Myn alias, prinses Amena, klom de ljedder op en belâne sa yn de himel. Fansels wie it dêr paradyslik moai, mei in soarte fan Sinteklaas yn it midden. As bern wie Sinteklaas foar my eins hast itselde as God: in âlde man, dy’t hiel leaf wie, en alle minsken kadootsjes joech.

Letter is dat byld wol wat feroare moat ik sizze. En ek de drea-men oer prinses Amena wiene op in gegeven moment fuort. Of dochs net hielendal, want no kamen se ynienen wer boppe, en tagelyk ek dy langstme nei dat bern. Feilich op bêd, mei heit en mem ûnder yn de keamer.

Der leit in hiel libben tusken dat bern en de frou dy’t ik no bin, “âlde beppe” sa as myn jongste beppesizzer my pleaget. Ik bin krekt in pear jier âlder as “oma”…

In hiel libben, mei dochs ek wol in hiele protte dreamen. Dreamen, dy’t útkommen binne, dreamen, dy’t ek ferdwûn binne, krekt sa as myn bernedreamen. 

Dat ik sneins foargean mei, is in dream, dy’t ûnbewust lang slommere hat, en dy is gewoan útkommen. Sa binne der mear dreamen. In gesin mei sûne bern. Bern, dy’t ek wer in relaasje krije, in húshâlding. De frijheid, om te dwaan wat ik wol.  Soms wurde dreamen yn gruzeleminten smiten, en sit men mei de diggels. Mar ek diggels kinne lime, en sa kin men dan dochs wer fierder, al binne de skuorren en barsten noch wol te sjen en te fielen…

Mar doe’t ik hjir sa oer nei siet te tinken, doe tocht ik, hoe fijn as it is, dat in minske dreame kin. En fansels binne it de “bewuste” dreamen, dêr’t ik it oer ha, de deidreamen. Dy’t dus ek yn de nacht wol komme. Mar ek de echte nachtdreamen – ik hoopje net dat it no te yngewikkeld wurdt – kinne soms moai wêze. Soms is Nico der gewoan wer yn in dream. Of myn heit of mem. En dan fiele se wer even hiel ticht by. Eins fyn ik dat net sa slim sokke dreamen, ek al wit ik dat se net wier binne as ik wekker wurd. Mar dat binne gjin dreamen, dy’t ik mei de eagen iepen dream. 

Dan dream ik oare dingen. In prinses sil ik nea mear wurde. Mar ik wol wol dreame fan in wrâld, dy’t miskien liket op dy himel fan prinses Amena. Soe it wêze kinne, dat myn bernedream fan doe yn wêzen net iens sa folle ferskilt fan de dream dy’t ik no dream?

In wrâld sûnder oarloch en geweld, sûnder machthawwers dy’t allinne mar oan eigengewin tinke? Mei in leave Sinteklaas dy’t elk jout wat him takomt, sadat elkenien tefreden is en genôch hat…?

Bin ik dan dochs dat bern bleaun?

Aeltsje de Groot