Algemeen
Column HvdP: Fakânsje
(stikje út it fakânsjeferslach)
It hiem wie meand en der waard noch wat túch tusken de stiennen wei skrabbe. De ruten waarden fan bûten en fan binnen himmele sadat de kommende trije wike, as wy mei fakânsje wienen, men troch skjinne ruten by ús yn’e hûs loere koe. Noch gau de lêste lege flessen nei de glêsbak bringe en it koe oangean.
De karavan wie al foar it grutste part ynladen, om’t der fan de foarige kear it measte yn stean bleaun wie. It binne allegear fan dy rituelen dy’t wy dogge as wy op fakânsje gean. As it no in wike is, sa as foarige moanne, as trije wike dy’t wy no efter de rêch hawwe, it hûs wurdt skjin efterlitten. En as wy it moarnsiten op hawwe op de dei dat wy ôfsette, moat as lêste de stofsûger noch oer de flier lutsen wurde om it lêste túch op te slobberjen. De hiele fakânsje hoegden wy oer dizze dingen net wer yn te sitten. Buorfrou paste op de blommen en helle de post by de doar wei en it gie oan.
Tsjin ienen kamen wy nei in rit fan in goed oere oan op kamping de Tsjasker yn Wikel. Dit jier hienen wy ús foar trije wike, in rekord foar ús dwaan, fêstlein op plakje fiif. Foarich jier stienen wy op plakje seis, it moaiste plakje op de kamping wurdt der sein. Dit jier wienen oaren ús foar en kamen wy telâne op it ien nei moaiste plakje op de kamping. Doe’t wy oankamen wie it kreas waar en wy koenen ús ûnderkommen droech opsette. Neist ús stie Martha, in widdofrou út Grins, dy’t foarich jier ek op itselde plak stie. Mei Martha kinne wy it wol aardich fine, sa ek dizze wiken.
Dejinge dy’t my it earst om’e hals fleach wie de frou fan de hokkieman, fan plakje trije. De frou dy’t ik foarich jier holpen hie om in stoel te meitsjen om’t har man te beroerd wie om efter de Meppeler krante wei te kommen. Sy wie bliid dat ik har holpen hie en ik krige doe trije tuten as beleanning. No krige ik fuortdaliks al trije tuten om’t de oare stoel de selde kwaal hie as dy fan foarich jier en sy graach woe dat ik dy ek meitsje woe om’t de hokkieman it net foarmekoar krije koe. De stoel wie yn in omsjoch makke en buorfrou hoegde net langer op in krukje te sitten.
Healwei de earste wike krigen wy buorlju op plakje seis. Minsken fan sa tsjin ús leeftiid oan. Sy in krigel fleurich frommeske en hy immen dy’t wat syn hierdracht oanbelange yn de jierren sechstich hingjen bleaun wie. Hy soarge foar it iten en sy lege om de safolle dagen it húske. Prachtige minsken dêr’t wy it goed mei fine koenen. Dus wat praat oanbelange siet ik wol goed. Doe’t Martha fuort gie kaam der in moaie karavan te stean mei twa mannen. Fuortdaliks de earste jûn krigen ús froulju al in rûnlieding yn harren kleurige karavan, rom fersjoen fan bontkleedsjes en tigerprinten. De beide mannen waarden ek wakker grut mei de kampingkat. En troch al dy iterij fan harren is de kat yn fjirtjin dagen wol in pûn oankaam. Doe’t ik tsjin ien fan de mannen sei dat ik sjoen hie dat hy mei alle leafde in poes aaide, koe hy de humor der wol fan ynsjen. Skean efter ús kaam oan it begjin fan de tredde wike in grutte karavan te stean. Twa minsken, wêrfan de man yn syn giele outfit in soart “look a like” wie fan PG fan de tv, wienen foar it earst mei in karavan op stap. Doe’t hja te plak stienen hawwe se harren ûnder in giele parasol deljûn. De oare deis waard der in foartinte foar setten dêr’t de karavan hast yn koe. En as it noch net genôch wie waard der in dei letter noch in grutte sinneluifel foar plante. Trije dagen dwaande west om de saak op te bouwen en de fjirde dei sieten sy yn it skaat fan de beamen! De lêste wike ha we noch in pear moaie dagen hân en ha wy ek noch wat kilometers op de fyts sitten. De sneons, de hjitste dei fan it jier oant no ta, hawwe wy de saak opbrutsen en binne wy op hûs oan riden. De waskmasine hat fuortdaliks oeroeren makke. Wy binne no alwer in pear dagen thús. It hiem is al wer meand en der wurdt al wer praat oer rútwaskje en stofsûgerje. Soms is men in fakânsje ek samar wer ferjitten λ
Laatst geplaatst
Agenda
-
Za 7 december
-
Zo 8 december
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Za 14 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
- 09:00 Expositie Yvon Sterk