Algemeen

Column: It toeterke

Hy, as sy, stiet wer te pronkjen yn’e hoeke fan de keamer. Ik bedoel hjirmei de krystbeam. Wie it foarhinne sa, dat in goed wike foar Kryst de beam yn’e keamer kaam, tsjintwurdich binne jo al oan de lette kant as hy, as sy, net stiet as Sinteklaas noch komme moat. 

Begûn de krystbeamferkeaper foarhinne nei Sinteklaas mei de ferkeap, no is de ferkeap al fier foar Sinteklaas útein set. 

Ik moat wol tajaan dat ús plastyk krystbeam ek al foar Sinteklaas fan de fliering helle wie, mar nei Sinteklaas pleatst en pronkklear makke is. 

Ek dizze kear is de beam ien see fan ljocht en krystballen fan ferskate kleur en ôfmjitting. De lêste jierren hinget der ek gjin krystkrânskes as oar snobbersguod mear yn, om’t der dochs net fan iten wurdt. Mar wat alle jierren wol wer yn de beam hinget, dat is it toeterke. It toeterke dat 65 jier ferlyn op’e Damslûs al yn de krystbeam hong. 

Doe’t wy krekt troud wienen en ús earste krystbeam yn’e Juckemastrjitte kaam te stean is it toeterke mei noch in pear ballen, wêrûnder ek in fûgeltsje op in kniperke, by ús âldelju wei kaam. Dernei hongen se mei tusken poazen by ús yn’e beam. Earst yn in echte en letter yn in plastyk beam. It fûgeltsje hat it net salang folholden, want doe’t de nullen der ôffoelen rekke se har steun kwyt en is sy fan de takke ôf op’e flier fallen. Sy is doe yn it jiskefet bedarre. It toeterke hearde by de sterksten, want allinne sy hat de generaasje fan âlde ballen oerlibbe. Sy is al in stikmannich kearen ferhuze. Fan Damslûs nei Terwispel, fan Terwispel nei Stiens en úteinlik nei Britsum. Alle kearen yn in hurdkartonnen doaske mei watten. 

Sy hat, yn har doaske, meimakke dat wy troud binne en dat ús bern berne binne. Fanôf de tiid dat dy rinne koenen hat it toeterke in jier as wat net yn’e beam hong, om’t dat net fertroud wie. Doe hawwe de krystbollen en oare figueren fan plastyk west om breukfoarm foar te kommen. 

Nei in jier as wat, doe’t de bern net mear mei de krystballen goaiden, hat it toeterke wer syn “rentree” makke, oant de bernsbern kamen. Doe hat it toeterke wer in tiid yn karan-têne west en waarden de plastyk attributen wer ut ’e doaze helle. It wie ek de tiid dat der snobbersguod yn’e beam hong, dat folle wichtiger wie dan in krystbal. Mar om’t it útheljen fan it snobbersguod net sachtsinnich gie en der meardere krystballen troch de keamer stuiteren, is it toeterke wer in tal jierren yn syn hurdkartonnen doaske bleaun. De lêste jierren kin it wer wat lije en is it plastyk spul wer yn de doaze kaam, wachtsjend op in nije generaasje. It toeterke hat syn plakje wer fûn yn’e beam. De beam dy’t, sa’t ús mem sei, pas nei trije keningen wer út ’e keamer helle wurde mei. Op’e Damslûs kaam it faker foar dat it toeterke mei de oare attributen allinne noch oan in takke hongen om’t de nullen der al ôffallen wienen en gjin libben mear yn de beam siet. By ús hawwe wy dy tradysje foartset en giet de krystbeam, sa grien as’t mar kin, wer nei de fliering. It toeterke komt dan wer yn syn hurdkartonnen doaske mei watten, om foar te kommen dat der wat mei barre sil en wy fierder ús Krystdagen trochbringe moatte sûnder toeterke.

 hfdp@kpnmail.nl