Algemeen

Fryske begrutting 2023 realistysk en weromhâldend

Ynvestearje yn de Fryske mienskip en it stribjen nei Lok op 1 steane sintraal yn de
provinsjale begrutting foar 2023. Dizze útgongspunten binne wichtich yn de hjoeddeistige útsûnderlike en ûnwisse tiden dy 't de ynwenners, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes fan Fryslân reitsje. Stigende kosten en ôfgeande ynkomsten daagje de provinsje út om it kommende jier - en de jierren dêrnei - tûk om te gean mei har taken en ôfnimmende finansjele middels. Yn de begrutting wol de provinsje takom jier 482,4 mln útjaan.
Yn syn plannen hâldt it kolleezje fan Deputearre Steaten rekken mei de oankommende provinsjale steateferkiezings sadat de nije Steaten en it nije kolleezje romte krije om eigen karren meitsje te kinnen.

Oandacht foar natuer en ekonomy

Deputearre Friso Douwstra sjocht mei in realistyske blik nei de takomst: “ 2023 zal geen gemakkelijk jaar worden. De kosten geane omheech en de ynkomsten sakje. Net allinnich foar de provinsje, mar ek foar gesinnen, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes. We moeten hier op een goede manier mee omgaan.“ Yn de begrutting is der goed 100 mln euro opnaam om Fryslân fitaal, fearkrêftich en sûn te hâlden. It jild komt ûnder oare te 'n goede oan duorsume lânbou, it fergrutsjen en herstellen fan bioferskaat en natuer en in duorsume enerzjyfoarsjenning. Fansels is der yn it nije jier jild útlutsen foar de stikstofoanpak en it Nationaal Programma Landelijk Gebied. Mei in bedrach fan 24 mln euro wol de provinsje ynvestearjen bliuwe yn in oantreklik fêstigingsklimaat en it befoarderjen fan in sirkulêre ekonomy.

 

Ynvestearje yn in berikber, leefber en fitaal Fryslân

Der wurdt goed 135 miljoen euro stutsen yn it pleegjen fan ûnderhâld en ynvestearringen yn de Fryske ynfrastruktuer. Feiligens en berikberens oer de dyk, it wetter en it Fryske OV wurde dêrmei ferbettere. Deputearre Douwstra leit hjirby de link nei de Fryske mienskip: “We hawwe de ôfrûne jierren in soad ynvestearre yn berikberens en ûnderlinge ferbûnens yn ús mienskip. De kennis en ûnderfining dy 't wy dêrmei opdien hawwe, moatte wy brûke om maatskiplike tsjinstellingen te ferlytsjen en te bouwen oan ús mienskip.” It leefber en fitaal hâlden fan de Fryske doarpen en stêden mei bygelyks bloeizônes is dêrby in útgongspunt. Hjirfoar is goed 56 miljoen euro beskikber steld. In part fan dat bedrach komt ek te 'n goede oan in bloeiend en kultureel libben, fia de Fryske taal, it ûnderwiis, erfgoed en kultuer yn Fryslân.

De begrutting foar 2023 wurdt kommende novimber troch Provinsjale Steaten behannele.

https://fryslan.begrotingsapp.nl/begroting-2023