Algemeen

Kollum Aeltsje de Groot: Ald en/of jong

Men hat âlde minsken en jonge minsken. En dêrtuskenyn in hiele grutte groep, net jong en net âld. Gek genôch miende ik oant in pear wike lyn, dat ik by dy middengroep hearde. Sa âld bin ik dochs net? En ik kin dochs noch wol aardich meidwaan? Bin net echt in digibeet, besykje fierder ek by te bliuwen, kom noch wolris ergens…

Dus âld? Heechút in bytsje oan de âlde kant fan it midden.

Mar no ha wy in pear wike lyn it begjinfeestsje hân fan ús nije ûnderkommen. In protte minsken sille ûnderwilens wol heard ha, dat ik in loftappartemint yn de Remise kocht ha. It duorret noch wol even foardat de boel oplevere wurdt, mar de bouwer is oan de gong.

Fandêr in lyts feestsje mei wat offisjele taspraken en sa. 

Wy koene ek mei de nije bewenners fan de Remise kennis meitsje. De bewenners foar de fjouwer apparteminten ûnder, koe men der gau út: net mear de jongsten. En ik as ek net sa’n jonge bewenner mear boppe ien fan dy apparteminten.

Ik siet by myn takomstige ûnderbuorfrou, en der kaam in jong steltsje op ús ôf. “Wij komen naast jullie.” No aardich om kennis te meitsjen. Even letter wer sa’n jong steltsje: “wij komen daarnaast”. Jimme hawwe wol yn de gaten: Frysk wurdt der net praat, dus miskien komt myn akte Frysk noch te pas, se kinne wol fergees by my op les. Myn takomstige buorlju komme út Rotterdam, dus der is wurk oan de winkel.

Mar doe seach ik ynienen ek, dat ik echt wol oan dy âlde kant fan de streep sit. In hiele protte fan dizze jongeren keapje foar it earst in hûs, en steane noch hielendal oan it begjin. Wy, de senioaren fan de Remise, keapje ús lêste hûs en hoopje hjir noch wat moaie jierren te krijen. Dochs wol even in ferskil.

Fierder hie ik fan ‘e wike by in fergadering inselde ervaring. Der waard oer fernijing en ferjonging praat, en dat is der ek yn dat fermidden. Mar it gie ek oer âlderen, dy’t de leie net slûpe litte wolle en miene dat se ûnmisber binne. Ik ha it no oer de polityk. Sjogge wy, dat de jeugd it op in protte plakken ôfwitte lit, yn de polityk is dat (gelokkich) net sa. Mar dan moat dy jeugd ek de kâns krije, en praat fan “it hat altyd sa west” komt men gjin stap fierder mei. Ik miende, dat ik noch altyd wol aardich meigean koe mei alle feroaringen en fernijingen. Mar dochs waard my even fijntsjes dúdlik makke, dat ik it allegearre ek net sa loslitte kin, en sa net better wie as al dy oare âldere partijgenoaten, dy’t yn kommisjes sitten bliuwe oant se omfalle.

Oeps, ik wurd âlder, ik hear by dy âlderen…

Der is yn de media in protte oandacht foar “de âldere minske”. Foarige wike de iene deis in dokumentêre en de jûns dêrop in diskusjeprogramma oer “mei pensjoen gean”. Foar de iene in segen, foar de oare in straf. En fansels draaft Erik Scherder dan wer op. 

-Wy moatte ús geast dwaande hâlde, dus foaral ek noch nije dingen leare. Wy moatte ek bewege, want op de bank sitten bliuwe is net goed. Wy moatte kontakt hawwe mei jonge minsken. Wy moatte in libbenfyzje hawwe, in doel. Bliuwe wy ivich jong-.

Fansels gie it ek oer jild. Want wy (âlderen) skine nochal wat te kostjen. Gelokkich waard der doe wol fijntsjes op wezen, dat de maatskippij yn elkoar falle soe, as alle âlderen ophâlde soene mei harren mantelsoarch, frijwilligers- en oppaswurk. Ha ik alris in hiele kollum oer skreaun.

Mar om “jong” te bliuwen, kinne wy dus fanalles ûndernimme. En as ik dat rigeltsje sa besjoch, bin ik aardich goed dwaande. In fijn foarútsjoch foar ús as âldsjes yn de Remise, al dy jonge minsken om ús hinne!

Bewege doch ik noch redelik, en ik bin der altyd foar yn om noch wat nijs te learen, dus dat sit wol goed. No moat ik noch op syk nei myn libbenfyzje. Dêr bin ik noch net hielendal út. Ik ha noch wol in pear projektsjes yn de holle, miskien kin ik dêr wat mei.

Ik tink, dat it soms ek net ferkeard is om in stapke werom te dwaan. Wy kinne wol ivich “jong” bliuwe wolle, mar dat binne wy no ienkear net. Soms mei men ek wolris erkenne, dat men in âldere is, dy’t plak meitsje moat foar in jongere.

Aeltsje de Groot