Algemeen

Kollum Aeltsje de Groot: Aldjiersdei

Noch nea earder skreau ik in kollum op âldjiersdei. Jierrenlang wie it de drokste en gaotyskste dei fan it jier. Yn myn Winsumer tiid as bakkerinne wie dat al sa, mar doe’t wy yn Stiens kamen waard it hielendal in dei dêr’t ik bot tsjinop seach. 

Foaral de earste jierren wie de fraach altyd grutter as in oanbod. Dus dan mar wer oaljekoeken en appelbeignets by de bestellingen weihelje...Op in gegeven momint wie it oersicht fansels hielendal fuort. Doe’t ús bern âlder waarden, waarden se ek ynset sa’n dei. En sa ha ik oan de lêste âldjiersdagen dy’t ik meimakke yn de bakkerij goede oantinkens. De hiele famylje yn it spier, oant en mei de skoansoannen. Doe bakten wy ek net mear foar “tredden”, wat wol mear rêst joech.

No al wer de fjirde rêstige âldjiersdei. Trije jier lyn krige ik der wol wat fan mei, al wie it allinne al de lucht fan de oaljekoekebakkerij. Doe wurke Nico noch mei yn de bakkerij. Mar de lêste jierren is it stil op âldjiersdei. Gjin stres, gjin oaljekoekelucht. Ik kin no einlinks ris op besite by myn sweager, jierdei op âldjiersdei. 

Dat ik dêr allinne hinne moat, docht noch altyd sear. Krekt sa’n lêste dei fan it jier, fielt dat dochs in bytsje oars, in bytsje “mear”. It bliuwt dochs in dei fan werom sjen, al fyn ik sels, dat dat no ek net altyd sa noadich is. Want ja, foarby is foarby, en der yn hingjen bliuwe wurdt nimmen better fan.

Oan de oare kant fernim ik ek wol, dat foarútsjen ek wat oars wurdt. Al ha ik it kommende jier fansels genôch om nei út te sjen. De ferhuzing nei de Remise wurdt dochs wol in hiel ding. Ik ha net folle goed foarnimmens yn de regel, mar no ha ik my dochs foarnommen om sa gau mooglik mei it opromjen te begjinnen. Der komt fansels wol in stok achter de doar, want ik sil myn hûs earst ek noch ferkeapje moatte.

Werom sjen, foarút sjen, de minske docht net oars. It libjen yn it “no “ sit op de ien of oare menier dochs net sa yn de minsklike aard. “Mindfulness” is al jierren yn de moade, mar neffens my binne der net folle minsken, dy’t kompleet “mindfulness” libje kinne. Ik kin se net yn elts gefal. Wy witte allegearre dat “pikerje gjin sin hat, omt it dochs oars komt”. En ik mien, dat ik no net ien fan de grutske pikerkonten bin. Mar dochs lis ik ek wolris wekker fan dingen, dy’t der totaal net ta dogge, mar my wol dwaande hâlde. 

Wy geane it nije jier wer yn, mei as sûnder ferwachtings, mei of sûnder goede foarnimmens. 

Gek genôch sit my hieltyd in âldjierdei yn gedachten fan mear as 60 jier lyn. It wie winter, en ik wit dat ús heit drok dwaande wie om alles op te romjen om hûs en hear. Alles wat bûten stie, moast yn it hok, want der waard yn de âldjiersnacht drok sleept mei alles wat los en fêst siet. En wy soene nei ús pake en beppe ta yn Wâlterswâld. Dêr moasten wy yn de bus hinne, in auto hiene wy noch net. Earst nei Ljouwert en dan oerstappe. In hiele operaasje mei (doe noch) trije bern.

Miskien is it my bybleaun, omt ik opbliuwe mocht. Dat wie neffens my foar it earst. Ik mien, dat ik doe acht jier wie. Hoe’t it fierder gien is, wit ik net iens. En wer’t wy allegearre sliept ha, gjin idee. Ik hie in pake en in beppe dy’t sels ek noch twa bern yn ‘e hûs hiene, en wy kamen mei syn fiven...Der wiene fjouwer sliepkeamers, dus der sille wol wat “kermisbêden” makke wêze.

Dochs is it dizze âldjiersjûn, dy’t my fierwei it measte by stiet. Ik mocht meidwaan mei de “grutte minsken”, myn broerkes moasten betiid op bêd.

Jin bisûnder fiele hat der wat mei te krijen tink ik. It “der by hearre”. As bern is dat hiel belangryk fansels, dan wol men der ek by hearre. En dat wie ek gewoan yn dat lytse doarpke wert ik wenne. Elk hearde der gewoan by. En waard ien fan de bern alris skoudere, dan waard der yngrepen. It waard ús al jong bybrocht, dat dat net koe. 

Sa bin ik dizze âldjiersdei dochs wer werom yn de tiid. Mar goede oantinkens jouwe ek wer de moed om troch te gean. 

En dat winskje ik jim ek ta! Lok en seine foar 2026

Aeltsje de Groot