Algemeen
Kollum HvdP: De toverlantearne
It sil Sinteklaas yn 1957 west hawwe, wy wienen krekt oansluten op it elektrysk, doe’t ik fan Sinteklaas in, sa’t ús heit naam, toverlantearne krige.
Ik wie njoggen jier en dan krigen wy oan de Polderdyk de kado’s noch fan Sinteklaas sels. Ik sjoch it noch allegear foar my. Seis desimber stienen der in partij grutte UTD feekoeke doazen rûnom yn’e keamer. Mei alle jierren in standert basispakket. Sûkelarjeletter, taaiman, marsepynletter en noch in hert fan boarstplaat, dy’t sa swiet wie dat de mûle bymekoar luts yn in tútfoarm. Foar my as jongste siet der dan ek noch wat boartersguod yn. De âlderen moasten it faak dwaan mei in mûtse en in pear sokken. Hoe’t Swarte Pyt dat ea troch de skoarstien krigen hat, waard doe net by stilstien.
Mar yn 1957 krige ik fan Sinteklaas in toverlantearne mei in pear filmkes. Ik hie Sinteklaas der ek al ris earder om frege, mar hy hat witten dat wy doe noch gjin elektrysk hienen. En in toverlantearne op in karbid lampke wie al efterhelle. No koe ik plaatsjes op it wite doek sjen litte.
Wienen Roodkapje en Klein Duimpje de earste filmkes dy’t ik sels fan kommentaar foarseach, it waard al rillegau útwreide mei noch in tal bekende en ûnbekende sprookjes. Ik gie der sels de dyk mei út en liet myn films sjen lyk as de earste filmbedriuwen begjin 1900 mei in projektor by de doarpen lâns gienen en harren films yn de kafees sjen lieten.
Ik die dat oan de keukenstafel mei in wyt kleed oan de muorre. No moat ik der by sizze dat myn klantenbestân aardich minder wie dan by dy filmbedriuwen yn 1900. Ik hie oan de Polderdyk in pear klanten en op’e Klidze ek in pear.
Nei in jier wie de aardichheid fan it wurkjen mei de toverlantearne al wer op in leech pitsje kaam te stean en haw ik it noch in kear probearre mei in doaze fol gûchelattributen, dy’t ik ek fan Sinteklaas krigen hie. Mar ek dat is gjin sukses wurden.
It Sinteklaas fieren is by ús thús altyd trochgien. It boartersguod foar my wie ûndertusken ek al oergien nei spul dat men brûke koe. Breiden sokken, bûsdoeken en wanten. Mar wat altyd bleaun is wie it basispakket. Sûkelarjeletter, taaiman, marsepynletter en in pûde pipernuten yn plak fan in swiete boarstplaat.
Fan’e wike frege ik Geartsje as sy ek wist wêr’t myn toverlan-tearne bleaun wie. Ik wist dat hy der noch wêze moast want doe’t wy yn 1989 nei Britsum ferhuzen haw ik him noch út de doaze hân en wist sadwaande dat hy op’e fliering telâne kaam wie.
It soe no, mei Sinteklaas, al 68 jier lyn wêze dat Swarte Pyt him op’e Damslûs troch de skoarstien sakje litten hat. “Neffens my”, sy Geartsje, ”stiet hy yn’e kast op it efterein fan de fliering, dêr’t ek dyn troupak en myn troujurk yn hingje”. Dy hawwe koartlyn ek al wer 55 jier op itselde kapstokje hongen.
hfdp@kpnmail.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Ma 8 december
-
Vr 12 december
-
Za 13 december