Algemeen

Nettsjinsteande de nijste koroanamaatregels giet Liet 2021 troch op woansdei 17 novimber 2021. Yn de finale stean sân akts mei dêrneist noch trije crossovers. 

It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op woansdei 17 novimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Spitigernôch ek dizze kear sûnder publyk, mar wol mei in live-útstjoering op Omrop Fryslân. De live-útstjoering begjint om 20.00 oere.

Foar it earst sil der in online stimming wêze foar it publyk. Dizze stimming giet iepen as alle sân akts optreden ha en it publyk kin dan thús harren stim útbringe op de webside fan Liet. Dizze publyksstim is it fiifde sjuerylid. De oare fjouwer sjueryleden binne Nick Veenstra, Ella de Jong, Sigrid Kingma en Wytse Dijkstra.

“We ha in dreech jier achter de rêch hân, dat jildt ek foar de muzikanten”, seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet. “Mar de muzikanten ha net stil sitten, blykt út de ynstjoeringen. We binne der wiis mei dat de Fryske muzyk libbet.”

De dielnimmende finalisten binne Adri de Boer, Sequens, The Lone Wolf, Fokko Jan van der Ploeg, Volk!!, 2nd TRY en Rene de Jong, Lars Mulder en band.

De trije crossovers binne Willy Darktrousers (Emiel Joorman) & Marije de Vries, Faske (Fasil Kuipers) & Ginge (Renée Rijpstra) en Iris Kroes & Wander Kars.