Algemeen

Literêre jûn mei Sjoerd Bottema in Koarnjum

“de grize oer de grouwe - 

griezelen en gruwelen

winterjûnenocht - 

winteravondgenoegens

duvelske streken - 

the roaring sixties”

Foto: Bob de Boer Photography.

 

Sjoerd Bottema lêst it ferhaal Winterjûnenocht foar út de bondel De grize oer de grouwe. De wûnderbern Klaasje en Klaske, de liepe âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de jierren ’50 en ’60 fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid. 

Sjoerd Bottema skreau romans, ferhalen en toaniel. Syn wurk is in miks fan tradysje en eksperimint, wylst ek de humor net ûntbrekt. Yn 2020 ferskynde in nije ferhalebondel: De grize oer de grouwe, ‘klassikers’ dêr’t de skriuwer syn eigen draai oan jout.

Yn 2020 wûn Sjoerd Bottema in Rely Jorritsmapriis foar syn ferhaal De sjongende ridder. “Foarfallen binne dan wol nommen út âlde boeken, mar troch de skriuwer sa nei syn hân set, dat der neat âldfrinzichs fan oerbleaun is. Sa hat de skriuwer in prachtige draai jûn oan âlde teksten en dêr – tige betûft – in nije bestsjutting foar fûn.” (Doeke Sijens, Leeuwarder Courant) “In goeie ferteller fan folksferhalen fertelt net de platte wierheid, mar in subtyl fertelde wiisheid. Bottema is sa’n ferteller” (Jaap Krol, Friesch Dagblad) 

Zaterdag 25 februari 2023 om 20.00 uur, deur open 19.30 uur  Sjoerd Bottema @ huiskamertheater De Wier Koarnjum. Toegang alleen na aanmelden: tel. 06-54763154 of bobdeboer@pinupsanddowns.com