Ondernemend

Bakkerij van der Wal yn de prizen

Woansdei 12 novimber wie de NK Bakkersfakwedstriid yn it Hearrenfean. Dizze edysje fierde it 100 jierrich jubileum fan de wedstriden. Der waarden 15 ferskillende produkten bakt troch de bakkers. 

Njoggen prizen hat bakkerij van der Wal in Stiens behelle, in prachtich resultaat. De twadde priis op de sûkerbôle, it roggebrea en op de meargranen desem bôle. De tredde priis wie foar de krysstol, desem wyt, taai taai, plaatcake, krúdkoeke en de Sweedske broadsjes.