Evenementen

Algemeen - Midwinterkonsert yn Bitgummole

Adres
Locatie PKN Tsjerke
Plaats Bitgummole
Evenement informatie
Datum 25-1-2020 20:00
Categorieën Algemeen

Sneon 25 jannewaris jout brassband Looft den Heer fan Bitgummole in Midwinterkonsert. In jûn yn winterske sfear, mar mei hertferwaarmjende muzyk. Mei dit konsert iepenet Looft den Heer in jier fol fan feestlike aktiviteiten, want it korps waard krekt nei de befrijing yn 1945 oprjochte en bestiet dus 75 jier.

De muzyk op dit Midwinterkonsert sil in miks wêze fan âlde brassbandmuzyk, lykas de militêre mars Men of Harlech, klassyk wurk, lykas Winter út de Vier Jaargetijden fan Vivaldi, mar ek it yndrukwekkende, lyryske Møtet (Meeting) fan Grieg, in solo fan ús es-cornettist Rutger Mollema. Dêr tuskentroch is der ek romte foar modern wurk, pop en filmmuzyk. It hichtepunt fan de jûn sil lykwols wêze it optreden fan it korps mei alle jeugdleden en dêrby ek it slachwurkensemble.

It konsert wurdt hâlden yn de PKN-tsjerke fan Bitgummole en begjint om 20:00, de tagong is fergees.