Evenementen

Algemeen - 'De Prutsers' spylje Trije Susters fan Tsjechov yn teetunen

Adres
Locatie Túnsmanswente
Plaats Koarnjum
Evenement informatie
vr 02 juli t/m zo 05 september 2021
Categorieën Algemeen

Fan 1 july ôf spylje De Prutsers, in jong selskip dat ûntstien is by Tryater, har foarstelling ‘Trije Susters’ by ferskillende teetunen yn Fryslân. De eardere kafee-toernee moast troch COVID-19 ôfbrutsen wurde. Mei nije enerzjy en ynsichten spylje se dizze simmer Tsjechov syn toanielklassiker ‘Drie Zusters’ wer op folslein eigen wize. 

De teatermakkers Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar foarmje mei Ira Judkovskaja ‘De Prutsers’. Al ymprovisearjend sykje se nei nije teaterfoarmen. Mei de toanielklassiker Drie Zusters fan Tsjechov as basis spylje se dizze simmer yn teetunen en oare bûtenlokaasjes fan Fryslân. Se spegelje har eigen emoasjes en it nijs fan de dei oan de trije susters. Elke spylbeurt is oars en hat syn eigen ferhalen. Yn de foarstelling wurdt Nederlânsk en Frysk praat.

Yn maart 2020 soe Trije Susters op toernee by in tal kafees yn Fryslân. Nei trije foarstellingen waard de toernee spitigernôch ôfbrutsen fanwegen de lockdown. No, goed in jier en twa lockdowns fierder, sykje De Prutsers de susters wer op. Anton Tsjechov sketste yn Drie Zusters (1901) in tragikomysk universum mei in ryk palet oan personaazjes, mei trije susters dy’t langje nei in fuortgean nei ‘fierderop’. Dat fuortgean nei komt der lykwols noait. Praktyske beswieren, mar ek yntriizjes en emoasjes stean de susters yn it paad om werklik de koffers te pakken.

‘Trije susters’ wurdt spile fan 1 july oant en mei 5 septimber 2021. De kapasiteit is beheind. Kaarten moatte yn it foar reservearre wurde en binne te krijen fia tryater.nl/trijesusters. In rolstoelplak kin oer e-mail of telefoanysk reservearre wurde 

Freed 2 july 2021
Begjin 19:30 oere. Túnmanswente - Martenawei 2, 9056 PE Koarnjum

Sneon 3 july 2021
Begjin 15:00 oere en Begjin 19:30 oere. Túnmanswente - Martenawei 2, 9056 PE Koarnjum

Snein 5 Septimber 2021
Begjin 15:00 oere. Bloemenparadyske – Paradyske 3, 9291 MV Kollum

Kijk voor meer data op www.tryater.frl 

Foto: Florian Cats