gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Aeltsje 2024.jpg

Ik bin ûnderweis, al wit ik net krekt wer hinne

Ek dizze kear is it in sitaat út in ferhaal, dat hingjen bleaun is by my. Yn myn foarige kollum wie it in útspraak fan Johan Cruijff, dizze kear is it in ynstjoerde brief yn de Libelle. Immen fan oer de fyftich, dy’t soms it gefoel hat, dat se in memo mist hat. In memo mei dêryn de oanpak fan it libben. In moment, dat alles logysk wurdt en alles op syn plak falt. Dat moment is der noch hieltyd net foar har west. Mar it besef, dat oaren ek mar wat oanmodderje, en dat sekerheid allinne mar in ferhaal is, wat letter komt, begjint ek by har hieltyd mear te kommen. It libben rint sa as it rint…

Doe’t ik dit lies, tocht ik: ja, sa is it dochs krekt? Wat is der no eins seker yn ús libben? Ja, in fêste baan, in eigen hûs, in húshâlding, in relaasje, it sil allegearre in gefoel fan fêstichheid jaan. In gefoel fan ergens grip op hawwe. En minsken wolle faak ek grip hâlde op it libben, op harren eigen libben.

Mar hoe seker is seker? Der hoecht mar wat te gebeuren, en alles stiet op losse skroeven. 

Dat wy dêr dan leaver mar net al te folle by stil steane, en miskien wol dogge as kin der gewoan neat gebeure, ja, dat jout dan it gefoel fan sekerheid en feiligens.

Ik ha fansels ek jierren sa libbe. Yn de wittenskip, dat ik in fêste basis hie. In man dy’t fan my hâlde, en dêr’t ik fan hâlde. In saak dêr’t wy beide al ús enerzjy en tiid yn stutsen. In húshâlding mei fjouwer prachtige bern, dy’t harren wei sochten en fûnen yn it libben.

Famylje, freonen en kennissen, de tsjerke, de sport, it ferieningslibben, allegearre fêstichheden dy’t it libben de muoite wurdich makken. Is dit wer't de brieveskriuwster om siket? Of hat it ek te meitsjen mei hokker minske as men eins is? Want der binne ek minsken op dizze wrâld, dy’t gjin ferlet ha fan in fêste baan, fan in eigen hûs, minsken dy’t leaver libje by de dei, en wol sjogge wat moarn harren bringt.

“Ik bin ûnderweis, al wit ik net krekt wer hinne”. Sa’n libben ha ik dus nea hân. Ik wist altyd krekt wêr't ik nei ûnderweis wie. Der wie altyd in doel. In húshâlding krije. In saak begjinne. Eigen baas wêze. In gruttere saak keapje. De bern op in goede manier grut bringe (al seit de jongste altyd, dat er himsels sels opfoeden hat - it is hielendal goed mei him kommen…)

Op in gegeven moment as doel de saak oerdwaan op in goede manier. In punt sette achter it wurksume libben, mar dan fuort wol wer nije doelen betinke om de tiid yn te fullen.

En dan as it ultime doel, der tegearre noch wat moais fan te meitsjen. No, jimme witte, hoe as dat gongen is. Foardat wy echt konkrete plannen meitsje koene foar dy nije takomst, wie der ynienen gjin takomst mear. Teminste net foar ús twaën.

En dan is de boaium yn ienkear ûnder it bestean wei. Driuw-sân, boaiumleas, gjin hâldfêst, gjin idee wer't men hinne moat. Sa kin it libben dus yn ien klap wêze. En dan hie ik ek noch it gelok, dat der safolle minsken om my hinne wiene, dy’t my in helpende hân ta stutsen. Minsken dy’t my holpen, om net yn dy boaiumleaze put te ferdrinken. Ik bin boppe wetter bleaun, ik bin ûnderweis bleaun.

Ik ha it nea allinne dien, der wie krêft fanút myn leauwen, mar ek troch safolle stipe, bemoediging en leafde om my hinne. Ik bin nea yn de steek litten.

Underweis, ik bìn noch altyd ûnderweis, ik mèi noch altyd ûnderweis wêze. En jimme witte, dat dat ûnderwilens is mei in nije leafde. Wûnderbaarlik, dat wy dit belibje meie. Tegearre wer ûnderweis. En it giet goed, nei alles wat wy belibbe ha. Mar it libben libje wy net mear sa, as doe’t wy jong wiene. En de takomst seagen as in plan mei doelen, dy’t helle wurde moasten.

De takomst leit noch altyd foar ús iepen. Mar it libben hat ús leard, dat wy dy takomst sels net meitsje kinne. Dat wy wol op paad geane meie, mar dat wy net witte wêr't wy hinne geane.

Dus libje wy it libben dei foar dei. Hjoed skynt de sinne en alles groeit en bloeit. Mear ha wy net nedich! 

Genietsje.

Aeltsje de Groot