gtag('consent', 'update', {'ad_user_data': 'granted','ad_personalization': 'granted','ad_storage': 'granted','analytics_storage': 'granted' });
Terug
Aeltsje 2024

Kommunikaasje

Elk dy’t my in bytsje kin, wit wol, dat ik gjin muoite ha mei de kommunikative feardichheden. Ik lit yn de regel wol fan my hearre, en ek op papier kin ik my rêde.

As ik sis, dat dat hiel oars wie, doe’t ik jong wie, dan wol men my meastal net leauwe. Ik koe yn (frjemd) geselskip hiel stil wêze. Legendarysk is de útspraak fan in muoikesizzer fan myn sweager: “mem, kin dy tante net prate?” Dat gie oer my...net te leauwen.

Fansels binne wy no fyftich jier fierder en net allinne myn kommunikaasje is yn dy fyftich jier nochal feroare, ek de kommunikaasje tusken minsken is hielendal feroare.

Ik kom hjir op, om’t Rients fan ‘e wike syn húsdokter besocht te beljen. Earst kaam it ferhaal, dat men ûnderbeset wie troch de fakânsjetiid. Dan komt der in ellenlang keuzemenu. Nei de earste kar komt der wèr in keuzemenu. Nei wer in kar komt it ferhaal, dat der ien beller foar jin is. Oan de lijn bliuwe kin, mar “toets hekje” foar werom beljen. Ien beller moat te dwaan wêze, dus oan de lijn bliuwe. No, it hat nochal wat duorre, mar sa’n kertier letter koe der dochs in ôfspraak makke wurde. It goede nijs: Rients koe in healoere letter al komme!

Ik snap hiel goed, dat it net mear sa kin as earder: gewoan foar tsien oere belje. As de lijn beset wie it letter noch mar ris besykje. It slagge op in gegeven moment wol om immen oan de oare kant fan de lijn te pakken te krijen. Neat gjin keuzemenu’s.

No giet it mei “kommunikaasje” net allinne oer it berikken fan in dokter fansels. Dy kin dan noch belle wurde, ek al giet it mei allerhande hindernissen. Toets in ien, toets in twa...

Hiel faak giet alles digitaal. En ja, dan moat men ek mar wer witte, hoe as soks moat. Ik bin bliid, dat ik it digitale gedielte noch wol redelik snap, om’t ik it yn de saak ek brûke moast. Mar om my hinne sjoch en hear ik ek wol, dat it allegearre net sa maklik giet. Dat dochs de bern faak ynskeakele wurde om alle digitale hindernissen te nimmen.

Toskedokters, sikehuzen, oanslaggen fan de belesting, it pensjoenfonds, alles en alles giet fia mail of soms sels de app op de tillefoan. It kin hiel noflik wêze, it ien en oar gau te regeljen. Mar oh wee as men fêst rekket yn dy digitale brij. Kom der dan mar wer ris út.

Kommunikaasje, it hat sa’n totaal oare betsjutting as fyftich jier lyn. Minsken skreaune mei elkoar. Der wiene spesjale briefkaarten mei in foardrukte postsegel. “Ik kom snein-te-middei op besite om trije oere. Groetnis, muoike Jeltsje”. De postrinner wist it noch earder as dyjinge dy’t besite krige…

Doe waard der ek al belle. Mar elk hie fyftich jier lyn noch net in tillefoan. Ik ha jierren kwartsjes sparre, om ien kear yn de wike mei Nico belje te kinnen yn de tillefoansel. Hoe mear kwartsjes, hoe langer as wy belje koene. Ik út It Hearrenfean, nei Nico yn Wageningen. Wy bellen op in fêste tiid. Dus as de tillefoan tongersdei-te-jûns om acht oere yn Wageningen rattele, dan draafde Nico de trep  del, dan wie it foar him.

Fansels skreau ik yn dy tiid brieven, want skriuwe ha ik altyd al dien. Elke wike sa’n njoggen, tsien kantsjes. Se lizze noch ergens yn in kast, ik sil se ynkoarten wol tsjin komme by it opromjen. Oantinkens oan in hiel oare tiid, in hiel oare menier fan kommunisearjen. Noch in kear trochlêze, en dan yn it âld papier. Ik tink net, dat der in boek yn sit, sa spannend wie myn libben doe ek net. Dochs bin ik der wol wat nijsgjirrich nei. Want wêr hie ik it dan allegearre oer?

De kommunikaasje kaam fan wol wat fan ien kant, sa’n brieveskriuwer wie Nico net. Ja, dat soe yn dizze tiid dochs wol oars gongen wêze. In appke is gau ferstjoerd. Rients en ik ha yn it begjin fan ús relaasje hiel wat ôf-appt.

Al is de kommunikaasje betiden yn dizze tiid wol hiel stroef en yngewikkeld, dochs soarget de moderne technyk der foar, dat wy folle mear op de hichte binne fan elkoars dwaan en litten. Ik bin wol bliid, dat ik gjin kwartsjes mear hoech te sparjen foar de tillefoansel.

Wy kinne elkoar (hast) altyd berikke, wer't wy ek binne. Dus gjin oprop fia de Wrâldomrop yn de fakânsje by in needgefal… 

Aeltsje de Groot