Algemeen

Column Aeltsje de Groot: Fiere reizen en dochs tichtby

It is wer simmer en dus fakânsjetiid. Tafallich is op ‘t heden allinne de soan op reis. Myn skoandochter sit yn it ûnderwiis, dus ja, dan is men bûn oan skoalfakânsjes. Dy’t lang genôch duorje, dus tiid genôch. Juster binne se nei Súd-Afrika flein, Johannesburg om krekt te wêzen. Dêr in nacht sliept en hjoed fierder mei in hierde auto nei in lodge, ergens midden yn de natuer.

Wy, famylje, freonen en bekinden, kinne de hiele reis folgje fia in app. Elke dei in reisferslach, en men kin krekt sjen hokker paad as se gongen binne. Sels de route fan de fleanmesine is te folgjen, oer it hiele grutte stik Sahara en dêrnei de wer grienere gebieten. En sels hat men nei de reis fuort ek in kompleet ferslach mei foto’s. 

Ik genietsje elke dei wer fan dit soarte mooglikheden. Foaral as de bern dit soarte fan reizen meitsje. Sa’n ein fuort, en dochs sa tichtby. Al wit ik net, as men alles witte wol...Yn it ferslach fan hjoed waard sa tusken noas en lippen troch ek noch fermeld hokker ynstruksjes as se krigen hiene.

Net samar stopje nêst de dyk, altyd de doarren op slot, net ride as it tsjuster is en oppasse foar korrupte plysjes. Se makken har der net sa drok om. Dat wie mear oer it oan de linkerkant ride, wat úteinlik wol tafoel. As it stjoer mar oan de goede kant sit, dat skeelt in soad!

Ik moast fuort tinke oan in fakânsje yn Skotlân, no 45 jier lyn. Mei syn fjouweren, tintsje en auto mei. Mei de boat oer, nachts sliepe yn in stoel, dat koe doe blykber noch. Tsjintwurdich hat elk dochs wol in hut om yn te sliepen neffens my. Mar dêrnei wol links ride fansels, mei it stjoer oan de ferkearde kant. Ik leau net, dat ik in protte riden ha, al kin ik my noch wol in moment fan frustraasje betinke, doe’t wy ferkeard rieden en ik pardoes op in gersfjild by in hûs kearde. It wie nochal wiet en ik sjoch de djippe spoaren noch. It wie nochal in wiete fakânsje, al liet Skotlân ek wol syn moaie kanten sjen. Mar ien fan de lêste nachten, doe’t wy alwer yn Ingelân wiene, spielden wy hast fan de kamping ôf en moasten wy (Nico en ik) yn de auto sliepe, om’t der yn de tinte amper mear in droech plakje wie. It oare stel wat mei wie, koe dêr noch krekt lizze. 

Al dizze avonturen belibben wy, sûnder dat it thúsfront der weet fan hie. Uteraard hiene wy gjin tillefoan mei, en belje út it bûtelân wie ek behoarlik prizich. Dus harken wy nei de “Wereldomroep”. Dêr waarden op in bepaald tydstip (wie it net seis oere jûns?) de oproppen dien foar de minsken dy’t op fakânsje wiene, en om in bepaalde, meastal net sa fleurige reden, kontakt opnimme moasten mei thús. Neffens my ha wy hielendal gjin kontakt hân mei thús, op dy iene ansichtkaart nei, dy’t troch de bus kaam, doe’t wy al wer thús wiene.Wy wiene ek net oars wend en ús âlders ek net. Mar soene dy  har dochs net ris ôffrege ha, as it allegearre wol goed gong, dêr yn dat “fiere” Skotlân. Mei diken, dêr’t men links ride moast?Wy hiene dêr gjin euvelmoed yn fansels. Want hoesa soe der no wat fout gean kinne?

Krekt sa as myn bern der gjin euvelmoed yn ha, dat mem it dochs wol spannend fynt, dat se hielendal yn Súd Afrika sitte, mei alle gefaren, dy’t der no ienkear yn dat lân binne.It is “âlder eigen” tink. En dêrom bin ik dochs wol bliid mei dizze tiid. Elke dei in ferslach, en presys witte, wêr’t se sitte. It hat ek sa syn neidielen, dy tillefoan, dy’t de hiele dei ropt, de laptop dêr’t konstant mailtsjes út rôlje, dy’t omtinken nedich ha. Mar ja, Johan Cruijff sei it al: “elk nadeel heb z’n voordeel”. En sa is it no dus ek. Ik hoech net te wachtsjen oant soan en skoandochter wer thús binne, mar folgje har avonturen op de foet.

En wat oare saken oan belanget, it makket net út as ik yn Grou of yn Stiens sit, of wêr dan ek. Ik kin gewoan myn ding dwaan, en elk berikke. It hat syn foar- en syn neidielen, mar ik fyn it hearlik. Dat komt fansels ek om’t ik altyd fakânsje ha. En dus myn eigen tiid yndiele kin...

Aeltsje de Groot