Algemeen

Beste minsken,

Ferskate lêzers fûnen de column fan maart wat frjemd, dêrom dizze útlis. It begûn de foarige kear mei haadstik 2 mar dat is dêr, spitich genôch, net by ynkommen. It gie dy kear oer oare minsken en spile him ôf op in oare lokaasje, mar dat kloppe wol by it ferhaal en dêr geane we no fierder! It diel, oars boppeoan, set ik no ûnderoan by it jier! (4 - 2023)

‘Wat moast dat no, lit dy jongens gewurde!’ sei Pyt doe se by him yn ‘e auto stapte.  ‘Wat soe dat? Je meie, as buorlju, wol in praatsje mei mekoar meitsje net?’ 

‘Jawis wol, mar do moast dy net sa opdringe.’  ‘Wês mar net bang, dat doch ik echt net!’   Doe se mei de auto by de lytse karavan lâns rieden seach Elske de beide jongens foar it rút stean. Se praten drok mei mekoar en seagen, neat net fleurich, har kant út. It like wol as hienen se rûzje. Se sei mar neat tsjin Pyt want se hie it gefoel dat it har skuld miskien wie al snapte se net wat se ferkeard dien hie. Alhoewol se fûn dat se it mar fan har ôfsette moast, liet it har net los en doe se werom kamen seach se wer nei de karavan fan de jongens. Dêr wie lykwols net folle te sjen want de gerdinen sieten ticht. Pyt seach dat ek en sei: ‘De jongens binne al út ‘e wei. Se binne fêst kâld nei in middei fiskjen en op bêd is it waarm!’  ‘Ja, dat soe bêst wol ris kinne.’ sei Elske, mar se tocht wat oars.

Neidat se it iten behimmele en de boel oan ‘e kant gienen se der út. Elske seach nei de karavan en se krige yniens in gefoel fan heimsinnichens. Se soe wol graach efkes nei binnen loere wolle en fûn it spannend.

Mar Pyt sei yniens: ‘Hoe sit it, hast mear belang by dy jongens as by my? Ik soe sizze, dêr mar gau hinne, dan gean ik wer yn ‘e hûs. Do wolst te kuierjen, om my hoecht dat net!’  

‘Och nee je, dy jongens sizze my neat, ik hâld it mar mei dy. Mar kom, we gean in blokje om, drinke dêrnei in wyntsje en geane dan ek betiid op bêd.’ Dat like Pyt goed ta!

 

Haadstik 3.

 

It wie drok by Jelke op ‘e saak en sadwaande wie er goed seis oere thús yn pleats fan fiif oere en dat wie oan de lette kant want syn wurkdei wie hjoed noch net om. Hy moast jûn de lekke bân fan lytse Sije syn fyts noch plakke, mar aanst earst de fytsen omruilje. 

Stientsje hie him oankommen sjoen en sette it iten op tafel, dat se koenen sa oanfalle. Nei iten lei er syn heite fyts yn de kofferbak fan de auto en sette ôf. Om sân oere hinne draaide er de Hijumer Mieden yn. It doel wie om mar net lang by syn heit te bliuwen en ienkear op it hiem seach er spoaren fan autobannen. Heit hie hjoed dus al in prater hân, tocht er, dan is it net slim as ik net lang bliuw. Hy ruile de beide fytsen om, rûn nei de efterdoar en rôp: ‘Is heit der yn?’ Der kaam gjin lûd. Yn it efterhûs seach er de katten noflik by mekoar lizzen. Dy ha it dêr goed nei ‘t sin, tocht er en gie troch de keuken nei de keamer. It earste wat er dêr seach wie it stikkene diggelguod wat by de iepen kastdoar lei. Gau die er noch in stap de keamer yn en seach syn heit lizzen. Ûnbeweechlik lei er oer de grûn en syn holle lei yn it bloed. It wie as hie er yniens gjin siken mear, as soe er smoare. Hy betocht dat er him no rêstich hâlde moast, krekt sa as er dat op de EHBO lessen leard hie, sykhelle in kear djip, knibbele by syn heit del en rôp: ‘Heit…., heit….,’ Hy krige gjin antwurd. Heit liket wol bewusteleas en foarsichtich skodde hy him wat hinne er wer. Hy seach noch-ris en tocht, is hy wol bewusteleas, of is er dea?

Berend pakte er de tillefoan en belle dokter Van Rijen, heit syn húsdokter, út Stiens. Dy kaam sels oan de tillefoan en neidat er sein hie wat der oan ‘e hân wie frege dy: ‘Hoe leit jo heit der by? Op ‘e side?’  ‘Ja, hy leit op ‘e side.’  ‘Moai, lit him sa mar lizze, mar Boskma, as ik it sa hear dan doocht it dêr net by jo heit, dus jo moatte earst de plyszje belje dan bestel ik hjir in sikeauto en kom dêrnei jo kant út!’ Jelke die wat de dokter sein hie, belle 112, die syn ferhaal wer en ek sy seinen ta drekst te kommen. 

Doe er út praat wie seach er, by Feinsum, in auto oankommen. Dokter, tocht er.  Dy hie de gong er goed yn en hy kaam mei piipjende remmen by harren ta stilstân. 

Jelke koe it yn ‘e hûs hearre, mar hy hearde noch wat. Syn heit makke leven.  Drekst wie er by him, knibbele del en rôp wer: ‘Heit...., heit…., Heit….!’ Op dat stuit kaam dokter yn ‘e keamer en makke hy romte λ

 

Etie Pasma, 

Stiens 4 - 2023