Algemeen

Jelke hie it drok hân.  Hy moast fan alles te regelje om’t syn heit by harren thús revalidearje soe. Mar no wienen alle ynstânsjes benadere, sa as de thússoarch, dy moarns en jûns soargje soe foar help by it waskjen en it oan-en-útklaaien. De dokter út Marrum, soe nei oerlis mei âlde Sije syn dokter út Stiens, no sa lang op him passe. Ek wie der in sikehûsbêd besteld en dat stie, neidat se mei har trijen fan it kantoarke in moai ienpersoans sliepkeamerke makke hienen, dêr al klear. Sa wie no alles klear foar de ferhuzing nei Marrum en dat gie oan op woansdei. 

 

Mei syn heit by him yn de auto gienen se earst yn Hijum oan.  Wylst se op it hiem stienen die âlde Sije de doar fan de auto iepen en rôp oan de katten, mar dy wienen yn ‘e hûs.  Jelke die de achterdoar iepen en dêr kamen se oan.  Alde Sije hie tocht dat se op him ôfstowe soenen, mar dat wie sa net. Se bleaunen op ôfstân stean en seagen him oan as woenen se sizze: ‘Wêrom hasto ús sa lang allinnich litten?’  Jelke pakte de reade op en sette dy by syn heit op skoat.  

Alde Sije aaide it bist, it begûn drekst te spinnen en yniens sprong de swarte der ek by. 

‘Moast se mar wer yn ‘e hûs bringe, se kinne net mei, mar lytse Sije hat goed op harren past, se sjogge der goed en glânzich út!’  ‘Wol heit noch yn ‘e hûs sjen?’ frege Jelke. 

‘Nee, lit mar, ik bin wurch en oars wol ik miskien net iens mear nei jim ta!’

Fierder gie de reis op nei Marrum en dêr gie er earst op bêd! 

It wie yn Marrum earst frjemd foar allegearre, foaral al dy minsken dy op de frjemste tiden sa mar wer foar de doar stienen. Mar dat wende gau. 

Lytse Sije soarge noch altyd foar de katten as er út skoalle kaam, dêrnei makke er earst syn húswurk omdat er gau nei pake woe.  

Efkes wat prate of in potsje damme en jûns nei iten hienen se it gesellich mei har fjouweren. 

Styntsje soarge dat der altyd drinken en wat lekkers yn ‘e hûs wie en pake koe moai fertelle oer eardere tiden, sa as doe er simmerdeis mei Jelke oan it polsstokspringen wie, of mei nei it koerbaljen by MNenW. Hjerstmis en winters, as it kâlder wie, dan wienen se binnendoar oan it damjen of skaken.  

‘Ek noch oare spultsjes pake, sa as monopolie?’   

‘Nee, dêr fûn ik niks oan, mar beppe wol en dy spultsjes die er dan mei har. Wat wy wol dienen wie plakjeboartsje, dat wie altyd moai, want op in buorkerij binne in soad geheime plakjes. Dat wie moai, no Jelke?’  

Dy kuchte efkes en sei: ‘eh…. Jawis, plakjeboartsje dat ha ik altyd moai fûn, no ek noch!’   

‘Mar dat dogge wy nea.’ sei de jonge. 

‘No, sjoch….’  begûn Jelke, mar hy stoppe want hy krige, ûnder der tafel, in skop fan Styntsje en betocht doe gau: ‘dêr is ús hûs ek net sa geskikt foar, it is hjir allegearre rjocht en sljocht. Hjir binne hast gjin plakjes om je te ferstopjen!’  

Styntsje, dy tocht dat er wat oars sizze soe en dat wie miskien ek wol sa, hie der in reade holle fan krigen mar sei no gau: ‘Ja krekt, sa is it, we kinne hjir net plakjeboartsje!’

Jelke seach har oan en doe waard se noch reader om ‘e holle, mar dêr murken de oaren gelokkich neat fan.

Etie Pasma, Stiens 2025 (31)

It hiele ferhaal fan âlde Sije is te lêzen yn dit boekje, dat te bestellen is op tillefoan nûmer 
06-13783818