Algemeen

Column: Alde Sije (diel 2)

‘No net langer omtreuzelje âlde, mar teewetter opsette.’ spruts Sije him sels ta, gie nei it keukentsje, sette in tsjettel mei wetter op it fjûr en pakte in teepûdsje út de kast. 

Hy glimke in bytsje ûndogensk doe er dat die want dat wie no ien fan de dingen dy Janke nea brûke soe. Sy hold fan losse tee, mar hy net! Hy woe gjin gegriem ha mei teeblêden. Hy hie wol earst de losse tee opmakke, want je goaiden fansels net samar goed spul fuort, mar dêrnei kocht er teepûdsjes en dat foldie him skoan. It wetter sea en de fluittsjettel gie omraak te kear. Hy liet him noch efkes trochraze, ek op advys van Janke, want dan smakke de tee better, fûn se, en dat wie miskien ek wol sa!  Teesette wie har wurk, mar doe se slimmer siik waard hie hy, krekt as sa folle oare dingen, ek dat fan har oernimme moatten. Doe er it gas út dien hie en de fluittsjettel stil waard hearde er wat.

Jelke, tocht er en sei: ‘Do bist net let jonge!’ Hy draaide him om en wêr er syn soan ferwachte hie seach er twa manlju stean. In langen en in lyts breed mantsje. Beide hienen se in swarte mûtse op sadat je allinnich de eagen sjen koenen en de lytste hie ek noch in kneppel yn ‘e hân. It earste wat yn him opkaam wie, stom dat ik niis de efterdoar net op ‘e knip dien ha en it twadde, hie ik de pook hjir no mar. Uterlik kalm, mar mei in hertslach fan oer de hûndert, sei er: ‘Mannen, wat sil dit?’ ‘Niks aan de hand ouwe, we willen alleen maar je geld. Kom op met je poen, dan zijn we zo weer weg.’ ‘Geld? Ik heb geen geld!’ 

‘Natuurlijk heb je dat wel man, iedereen heeft geld, jij ook! Hier met je geld!’ sei de lytse wer en om sjen te litten dat er it miende joech de âldman in fikse klap mei de kneppel. Sije warde him ôf mei de linkerearm, mar hearde en fielde it kreakjen yn syn boppeearm. De pine fleach him troch de lea en it stoere wie der foargoed út doe er sei: ‘Ik zal jullie alles geven wat ik heb.’ Hy gie nei de keamer mar by eltse stap dy er die, die syn earm ferskrikkelik sear en om de pine draaglik te hâlden hold er dy, mei de oare hân, stijf tsjin him oan. By de tafel moast er, om de lade iepen te meitsjen, syn seare earm loslitte en dy foel wat fan siden. Hy kromp yn mekoar fan pine en kreunde. 

De grutste seach wêr hy hinne soe om it jild, luts it laad iepen, pakte it beurske, seach der yn en sei tsjin syn maat: ‘Hondert euro ongeveer!’ De lytse frege drekst: ‘Waar is de rest? Je maakt ons niet wijs dat dit alle geld is wat je in huis hebt! En je goud, zilver en sieraden, waar heb je dat verborgen?  

Sije, no sa wurch en oandien, sei mei in sucht: ‘Ik heb verder helemaal niks!’ 

‘Je moet nog maar een keer voelen dat we het echt menen!’ sei de lytste en joech him wer in mep mei de kneppel, no tsjin ‘e holle.  Dizze kear hie Sije gjin kracht mear om him te ferwarren en siigde fan himsels!  De grutste rôp: ‘Niet zo hard joh, straks sla je hem dood!’  Mar dat hearde Sije net, want hy lei as in lyts protsje bewusteleas op ‘e grûn. 

Se skrokken wol wat dat hy der samar hinnefoel, bûgden har oer him hinne en seagen dat der bloed rûn út in gat oan de sydkant fan syn holle. ‘Waarom sla je zo hard man? Wat heeft dat voor zin? Zo kan hij niks meer vertellen en misschien gaat hij wel dood!’ sei de grutte. ‘Zeur niet, het valt wel mee, hij komt straks wel weer bij, maar we moeten nu wel opschieten, want volgens mij verwachtte die ouwe iemand en voordat die hier komt moeten wij weg zijn!’ De grutste stie der wat ûngemaklik by, seach wer nei de âld man en gilde yniens oerstjoer: ‘Volgens mij is hij echt dood man, kijk hij beweegt niet mear. Jij ook altijd met je geweld! Je redt je maar, ik doe niet meer mee, ik ga op zoek naar de wc!’

‘Och, wordt het weer spannend? Moet je weer? Kan ik van jouw ook wel zeggen, jij ook altijd met je geschijt! Nou ja, ga je gang, ik zal het wel weer alleen doen en zien of ik nog wat kan vinden. Hy gnúfde de kasten troch, ramaaide hjir en dêr wat diggelguod oan de kant, wat drekst letter stikken oer ‘e flier lei en fûn noch 6 sulveren leppeltsjes, in sûkerskep en in molkleppel. Wylst er dat yn syn bûse die kaam de grutte de keamer wer yn, rûn nei Sije en draaide him foarsichtich op ‘e side. 

‘We hebben geen tijd meer, kom op joh, dy ouwe ligt daar goed!’ sei de lytse en rûn alfêst nei de doar. Nei noch in lêste blik op de âld man rûn ek de grutste de keamer út en lieten âlde Sije dêr oan syn lot oer.

Drekst letter ried der in ljocht blauwe auto de Hijumer Mieden út, richting Hallum.

Etie Pasma, Stiens 2023