Algemeen

Wy binne dizze kear wat nuver troch de Krystdagen en âld en nij hinne sketten. In dikke wike foar de Krystdagen waarden Geartsje en ik beide snotterich.

. Geartsje wie der minder oan ta dan iksels. Doe’t ús jongste bernsbern by ús wie sei dy: “Beppe moat mar in selstest dwaan”. Sy hat it regele om’t sy dêr mear doel oer hat as wy. Mar it wie wol efkes skrikken doe’t by beppe twa streepkes stean bleaunen. Net fuortdaliks panyk, mar we binne deselde dei wol nei Ljouwert rekke om ús teste te litten by de GGD. 

De útslach joech oan dat Geartsje corona hie en iksels wie noch negatyf. 

Doe moast it âlde draaiboek wer nei foaren helle wurde. Yn ’e hûs bliuwe en de bern boadskippen dwaan litte. Dit kear kaam der ek noch by dat wy net oanmekoar omtyskje mochten om it firus net fan de iene nei de oare oer te bringen. Al mei al waarden it Krystdagen sûnder bern, bernsbern en getysk. 

Om’t wy dan dochs mei de Krystdagen opsluten sieten kamen wy op it idee om mar in DVD op te setten, mei in moaie film. No hawwe wy in laad fol mei films, wêrûnder ek films út de santiger jierren. Dat wie út de tiid dat der noch  wolris in bleat frommeske oer it skerm huppele en  net mei lead sketten waard. Want ik hâld net fan films dêr’t se mekoar útmoardzje.  

Eartiids noch wol, want wy gienen as jongknapen sneintemiddeis wol gauris nei de film yn Flora op ’e Gordyk, dêr’t wy foar sechstich sinten foaroan sieten en in stive nekke krigen fan ús favorite Westernfilms mei Zorro en Audie Murphy. Letter kamen der ek wolris films wer jo achttjin wêze moasten om der yn te kommen. No foel dat wat ta, want doe hienen we noch gjin “ausweis” en wienen der ek noch gjin boa’s om it te kontrolearjen. Efternei besjoen tink ik wolris, wat hienen wy doe in moaie frije wrâld yn in lân mei trettjin miljoen ynwenners. Corona bestie doe ek net, wêrtroch we ek in protte binnen de oardel meter dwaande wienen.

Yn de santiger jierren kaam de omslach mei de pittige Nederlânske films. Turks Fruit, Wat zien ik en Blue Movie wienen “kaskrakers” . En litte wy dy films no by tafal ek yn it laad lizzen ha!

Doedestiids waard der raar guod spuit oer dy films, wylst de bioskopen oan de nok ta fol sieten. It wie ek de tiid dat Waldolala op televyzje wie mei Sjef van Oekel. Letter kamen ek Barend Servet en Fred Haché noch. It wie in skande, dat soks op de televyzje kaam. Ik fûn it wol moai, want dan hienen wy de oare deis op it wurk ek wer wat om oer te praten. Mar de grutste ferwinskers hienen op dyselde jûn de gerdinen ticht en gongen ek letter op bêd dan dat se gewoanwei wend wienen. Se sille doedestiids de katsjes ek wol yn ’t tsjuster knepen ha. Sadwaande sieten wy dit jier op earste Krystdei tegearre op de bank, mei oardel meter romte tusken ús yn, te sjen nei Blue Movie, in film út de tiid dat we krekt troud wienen en de breedte fan ús bêd noch gjin oardel meter wie. It is wol in film dy’t yn ’t earste oansjen net sa “coronaproof” liket, mar dat foel dizze kear ta. Want as ik al probearre om wat neier oan te skowen waard ik fuortdaliks wer wiisd op dy oardel meter. Dêrmei oanjaan dat corona op ús leeftiid mear macht hat dan de ynhâld fan de film. Nei de tee ha we noch “Baas in eigen bos” sjoen. In film dy’t we eartiids wol gauris mei de bernsbern sjoen ha. Ek hiel moai. Gjin deaden en ek gjin oandrang om neier oan te skowen. We binne no jannewaris al wer in ein hinne en de corona leit wat ús oanbelanget wer efter ús. Om’t iksels twadde Krystdei ek posityf wie mocht ik op ien jannewaris de kop foar it earst wer bûtendoar stekke. It gewoane libben is wer útein set. 

Op televyzje sil men tsjintwurdich gjin films lyk as Blue Movie tsjinkomme. Dat mei net mear. Dêrfoar yn ’t plak binne films kaam dêr’t minsken yn ôfsketten as lek stutsen  wurde. It ienichste bleat yn dy films is, as der ien dea op ’e snijtafel leit. 

It skynt by de tiid te hearren, want we libje no ek yn in lân mei santjin miljoen ynwenners, mei “ausweis”, boa’s en corona, wêrtroch je binnen de oardel meter ek neat mear útfrette meie

hfdp@kpnmail.nl

 Fan út Britsum in sûn 2022 tawinske.