Algemeen

Column: Boufergunnings en mosken

Doe’t yn 1928 de pleats boud wurde moast, dêr’t ik tweintich jier letter berne bin stie op 28 juny 1928 de oanbesteging yn de Hepkema. Fuortdaliks moast ek de âld pleats ôfbrutsen wurde. 

Op 6 oktober fertelt de Hepkema dat der in boelguod is fan spul út de ôfbrutsen pleats. Ûndertusken wie oannimmer Scheper fan de Knipe al wakker dwaande om de nije pleats besiden de âlde te bouwen. 

No sil alle argewaasje wat oan it tarieden fan de bou foarôf giet wol regele wêze en sille de easken wat it bouwen oanbelanget ek wol op in stik as wat a-fjouwers stean, mar it gie rap. Yn alle gefallen rapper dan dat it hjoed de dei giet mei alle soart regeltsjes, teminsten as ik de trochsnee oannimmer sa hear. Ik haw der fierders gjin djipgeande stúdzjes fan makke, mar ik tink net dat der doedestiids praat west hat oer de mosken dy’t ûnder de pannen fan de âld pleats sitten ha. En leau mar dat it in protte wienen ûnder dy holle pannen. 

 

Ik wit dat ik my no op glêd iis bejou, mar dat hiele bou-wurken stillein wurde om in pear bisten te beskermjen, giet my ek wat te fier. It sil net foar it earst wêze dat sokke bisten wol wer in oar plak sykje en fine. Ik wit ek wol dat yn de tiid dat myn bertepleats boud is, der bûten de katten fan de pleats gjin natuerlike fijannen wienen. Bisten mei in moai fel waarden opromme troch murdejagers dy’t op dizze wize in moaie dei hier pakke koenen. Jo heare my net sizzen dat soks goed wie, mar it fûgeltsjeguod krige alle romte om harren te fermearderjen. Sawol yn de greide as oan hûs. 

No yn dizze nijmoadrige tiid wurde hûzen boud dêr’t gjin fûgeltsje ûnder de pannen komme kin. Miskien is it no al sa, mar ik soe by elke boufergunning easkje dat se romte jaan moatte oan it wyld. Neat mis mei, tinkt my. Mar wêr’t de natuerminsken hjoed de dei ek om tinke moatte, is dat de natuer himsels net de nekke omdraaid en der ynkoarten gjin fûgeltsjeguod mear de loft ynkomt. Want bûten dat Nederlân fol boud wurdt binne der oare beskerme bisten dy’t harren aardich sêd ite oan de bisten dy’t bouwurken stil lizze kinne.

In facebook freon fertelde my dat de natuer der earder wie dan de minsken. Ik nim it fuortdaliks oan. Litte wy dan earst mar werom gean nei 1928 doe’t der in lytse acht miljoen minsken yn Nederlân wennen. Romte en nochris romte. Fabriken en pleatsen dy’t doe einen bûten de mienskip boud waarden, lizze no midden yn wenwiken, om’t ús ynwennertal ûndertusken mear as ferdûbele is. 

Alderhande miljeuproblemen sa as wy dy no kinne wienen yn 1928 net oan de oarder. Se sille der nei hjoeddeiske noarmen wol west ha, mar dat wist men doe noch net. Ik wit ek wol dat we net werom kinne en dat we wiis wêze moatte mei de natuer dy’t we no noch hawwe. 

Mar dat it allinne mar yn stân holden wurde kin mei alderhande djoere advys- en skôgingsburo’s, demonstraasjes en koartpleiten, wol der by my net yn. 

 

Neist it rút yn ús badkeamer siet al ferskate jierren in spantsje moskjes ûnder in dakpanne harren aaien út te brieden. It slagge harren alle kearen wer om de jongen grut te bringen, wêrnei se útfleagen. 

Oant in pear jier ferlyn in nije beurtbewenner, de stienmurd, der efterkaam dat der jonge mosken ûnder dy dakpanne sieten. It hat in drama west, mar de stienmurd hat it oprêde kinnen om de jonge mosken ûnder de dakpanne wei op it board te krijen. It jier dêrnei hawwe de moskjes it wer besocht mar binne al rillegau opholden doe’t de nije beurtbewenner wer by harren op de dakpanne kloppe. De moskjes sille út harren sels wol wer in nei plak fûn ha.

 

Mar as ik no in nij rút yn de badkeamer ha wol, dat miskien oare maten hat, moat ik dan ek in skôgingsburo komme litte foar in, sa’t sy it neame, “quickscan” om te sjen at it wol ferantwurde is foar de natuer om der in nij rút yn te setten? En giet it dan om de moskjes dy’t dêr graach briede wolle, as giet it dan om de beskerme stienmurd, dy’t de kâns ha moat om de jonge mosken ûnder de dakpanne wei te heljen.

hfdp@kpnmail.nl